Wethâlder: 'Tydlike oplossing A7 soarget no al foar minder ferkear op oare diken'

Wethâlder Michel Rietman by de tunnel yn de A7 © Omrop Fryslân
No't de tunnel yn de A7 tusken Snits en De Jouwer wer foar in part iepen is, is it fuort in stik rêstiger op de oare diken yn de omkriten. Dat seit wethâlder Michel Rietman fan Súdwest-Fryslân.
"Normaal gesproken is het hartstikke druk op de parallelweg bij Uitwellingerga, maar daar zie je al dat deze heropening het verkeer daar ontlast", seit er. "Daarom is het zo belangrijk dat de weg nu weer deels open is."
De oplossing fan no, mei stielen rydplaten en betonblokken yn de tunnel, is tydlik. Hoe't it no fierder giet, is de fraach. "Best lastig om aan te geven. De volgende fase is aan Rijkswaterstaat. Ik kan me voorstellen dat je bij het verdere herstel ook rekening moet houden met al het verkeer dat nu door de tunnelbak gaat."
Wethâlder Michel Rietman is wiis mei de tydlike oplossing op de A7
De rydstripe is trije meter breed. Dat betsjut dat it measte dykferkear de tunnel wer brûke kin, fan auto's oant frachtweinen. "Alleen exceptioneel verkeer moet nog gebruikmaken van omleidingsroutes", jout Rietman oan.
Hy is yn alle gefallen tige wiis mei de nije situaasje. "Een dikke pluim voor Rijkswaterstaat, de aannemers en alle mannen en vrouwen die dag en nacht gewerkt hebben om dit op tijd open te krijgen."
De Prinses Margriettunnel moast yn desimber ynienen ticht omdat it grûnwetter ûnder de tunnel it weidek omheech drukte. Troch it ôfsluten fan de tunnel moast it ferkear sûnt dy tiid omlaat wurde.