Meiprate oer Lelyline kin fan hjoed ôf, mar FNP fynt de opset 'net objektyf'

In trein fan de NS © ANP
Elts dy't dat wol, kin fan hjoed ôf op in spesjale website meiprate oer de plannen foar de Lelyline. Steatssekretaris Vivianne Heijnen joech moandeitemiddei it startsein op ROC Friese Poort yn Emmeloord.
Under in kolleezje Burgerschap gie de steatssekretaris mei studinten yn petear oer it ferlet fan in spoarline en in treinstasjon yn Emmeloord. Dy reagearren dêr hiel ferskillend op. "Ik vind Emmeloord mooi zoals het nu is. Het hoeft van mij niet drukker te worden hier", sei in jonge studint tsjin de steatssekretaris.
Klasgenoaten fan him fine in treinferbining mei Lelystêd en fierder just wer hiel handich.
Partisipaasje Lelyline set útein, mar FNP fynt de opset 'net objektyf'
It is nij dat it Ryk al yn de tekentafelfaze begjint mei ynspraak oer in grut projekt. De útkomsten fan it ûndersyk moatte de oerheid helpe om goeie besluten te nimmen oer saken as it trasee fan de flugge spoarline en ek oer it oantal stasjons.
Heijnen hopet dat it aktyf belûken fan de befolking ek meihelpt oan it draachflak foar de flugge spoarline fan Lelystêd oer Emmeloord, It Hearrenfean en Drachten nei Grins.

FNP teloarsteld: miste kâns

It inisjatyf foar it online rieplachtsjen komt fan it Ryk. De gemeenten dêr't de Lelyline trochhinne komt, lykas Opsterlân, binne net by de opset belutsen. De FNP is dêrom tige kritysk oer de rieplachting.
It trasee fan de Lelyline © Omrop Fryslân
"Ik fyn it in miste kâns", seit FNP'er Sijbe Knol. "Alle dilemma's dêr't we it yn Fryslân oer hawwe, lykas ús romte, ús natoer en it tal wenten dat we hjir hawwe wolle, dêr wurdt net nei frege."

Deputearre wiis: Ryk kin 'feeling' krije mei projekt

"Die stellingen zijn bedacht op het ministerie", seit deputearre Avine Fokkens yn in earste reaksje. Mar Fokkens is wol wiis mei de start fan de partisipaasje. "Dit is een manier voor het Rijk om meer 'feeling' te krijgen met het project. Het is redelijke laagdrempeling. Mensen kunnen los van de stellingen ook hun eigen mening geven."
De online enkête is it earste ûnderdiel fan in breder partisipaasjeprogramma. Der komt letter, as it projekt wat fierder ûntwikkele is, mear ynspraak, seit Fokkens.
Sijbe Knol (FNP) en Avine Fokkens (VVD) oer de ynspraak oer de Lelylijn
Yn de Noardeastpolder leit de grûn foar de oanlis fan de Lelyline al klear. It trasee troch Fryslân is in útdaging, want hjir lizze ûnder oare de Tsjûkemar en natoergebiet De Mersken by Beetstersweach yn it paad.
Letter dit jier wurde de earste foarstellen foar it Fryske trasee fan de Lelyline ferwachte. Steatssekretaris Heijnen hopet dat se oan de ein fan dizze kabinetsperioade in folslein projektfoarstel presintearje kin.

Jongerein belûke

De ynspraak dy't hjoed úteinset is, kin oant en mei maart ynfolle wurde. Heijnen hopet dat safolle mooglik minsken fan de mooglikheid gebrûk meitsje sille.
"Je ziet vaak dat het vooral ouderen zijn die gebruik maken van inspraak bij de overheid. Daarom is de aftrap van vandaag op het ROC, want ik wil ook graag jongeren er bij betrekken."