Oanwinst Mahi wol Cambuur rêde: "Ik maak er minimaal vijf"

SC Cambuur hie tsjin Ajax hielendal neat yn te bringen en hat it lêste plak wer oernaam fan FC Groningen. Mar mei noch fjirtjin wedstriden te gean bliuwt Mimoun Mahi posityf: "Wij blijven erin!"
Cambuur hiert Mahi sûnt de winterstop fan FC Utrecht. De linkeroanfaller hie fiif moannen net fuotballe fanwegen ferskate blessueres. Ofrûne snein makke er syn rentree yn syn debút foar Cambuur.
Yn dy wedstriid tsjin Ajax mocht er foar it earst in kertier ynfalle. Mahi hopet kommende sneon tsjin NEC op in healoere, dêrnei soe hy de 90 minuten fol meitsje kinne. "Als alles volgens plan verloopt, kan ik tegen Heerenveen in de basis beginnen."
"De wedstrijd tegen Ajax moeten we gewoon zo snel mogelijk vergeten", seit Mahi. "We gaan echt genoeg punten halen om de play-offs te ontlopen." Dan soe Cambuur fyftjinde of heger einigje moatte. It ferskil mei plak fyftjin (FC Volendam) is op it stuit fiif punten.
Cambuur hat net allinnich de minste punten fan de earedivyzje, ek de minste doelpunten: de teller stiet op alve. Mahi, twafâldich Marokkaansk ynternasjonal, tinkt dat hy bydrage kin oan de produksje. "In de competitie maak ik er minimaal nog vijf. Dat is ongeveer één op drie, dat moet kunnen. Inclusief de play-offs maak ik er zeven."
Dat er tsjin NEC noch net de hiele wedstriid spylje kin, is bysaak. "Een halfuurtje, dat is genoeg!"
Sportferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber, Geert van Tuinen en Arjen de Boer prate dy yn de SportCast ôfwikseljend alle moandeis by oer al it fuotbalnijs, faak mei in nijsgjirrige gast. Sa no en dan behannelje sy ek oare ûnderwerpen.
De Sportcast is ek te beharkjen op Spotify, by Apple Podcasts en yn de podcast-apps. Dêr binne ek alle eardere Sportcasts werom te harkjen.