Hûnderten studinten mei spesjale Firda-liners dochs nei skoalle

Hûnderten studinten ha de earste dei fan de ov-staking yn Fryslân gebrûk makke fan de saneamde Firda-liners: de bussen dy't mbû-skoalle Firda ride lit om studinten op te heljen en werom te bringen.
Moandeitemoarn binne der 600 studinten mei in Firda-liner nei skoalle ta kaam, seit wurdfierder Jan Dijksma. "Vooral de lijn in de Flevopolder en de lijn tussen Harlingen en Leeuwarden waren heel goed gevuld."
De fêstigingen fan Firda steane yn Ljouwert, It Hearrenfean, Snits, Drachten, Dokkum en it noarden fan Flevolân. By ien fan de lokaasjes yn Ljouwert wie it moandeitemiddei drok mei studinten dy't wer nei hûs gienen.
Studinten bliid mei service
Ien fan harren moast nei Akkrum. "Dêr kin ik mei de trein hinne, mar ik moat noch wol op it treinstasjon sjen te kommen. Miskien kin dat mei dizze bus dy't hjir no oankomt."
In studint dy't werom moast nei Koatstertille: "Ik ben hier vanochtend gekomen met de bus, dus ik hoop dat-ie ook weer teruggaat. Anders moet ik heel lief m'n ouders aankijken." De spesjale bus fan de skoalle sleat reedlik goed oan op syn roaster. "Ik heb een halfuurtje gemist, dat was nog te overzien."
Oars soe ik fuort achterrinne, want de lessen geane gewoan troch.
Wer in oare studint moast noch krekt wat fierder, nei Surhústerfean. "Sûnder dizze bus wie ik hjir net kaam, dan wie it net slagge", fertelt se. Se woe perfoarst hjoed nei skoalle ta. "Hjoed is de opstart fan de nije perioade, dus it hie wol yngewikkeld west as ik dat mist hie. Dan soe ik fuort achterrinne, want de lessen geane gewoan troch."
Dat se lang wachtsje moast, hie se derfoar oer. "Ik wie om 12.30 oere klear, myn bus giet om 15.00 oere."
Praktykûnderwiis is wichtich
De skoalle fynt it ek belangryk dat de studinten oanwêzich binne by de lessen. Dat ha se de ôfrûne jierren wol leard, doe't it ûnderwiis faak online gebeure moast. Dijksma: "Het is bijzonder belangrijk om praktijklessen te doen, maar ook om contact te hebben. Daarom is het ons veel waard dat de studenten hier zijn."
Rydt myn bus wol of net? Dat is de fraach dy't in soad reizgers dizze dagen dwaande hâldt:
It streekferfier staakt de hiele wike
Dat wie ek ien fan de redenen fan de fúzje. Firda is nammentlik ûntstien út de skoallen Friese Poort en Friesland College. "We willen mbo-onderwijs voor iedereen in de provincie nabij en bereikbaar hebben. Daar is vervoer ook een onderdeel van."
'Gigaklus'
Se moasten rap hannelje, want de ov-staking waard pas ein ferline wike dúdlik. Mei bussen fan Dalstra sette de skoalle de rûtes op.
"Het was een gigaklus. Er liggen ook geen draaiboeken klaar bijvoorbeeld. Van tevoren konden we ook niet inschatten welke streekbussen wel zouden rijden en welke niet. Wij willen ervoor zorgen dat er een lijn is die naar school gaat en een lijn die terugrijdt."

It hat net foar neat west, safolle is op de earste stakingsdei wol dúdlik. "Er zijn best wat studenten die het prettig vinden, omdat ze anders niet thuis waren gekomen. Het is een beetje improviseren: waar stopt-ie, waar rijdt-ie naartoe? Er waren een hoop positieve reacties."