Frou omkaam by ûngelok mei auto en frachtwein by Stynsgea

© ProNews Producties
By in ûngelok op de N358 by Stynsgea is in frou fan 49 jier út Achtkarspelen om it libben kaam.
By it ûngelok wienen in auto en in frachtwein belutsen. De helptsjinsten wienen gau teplak, mar koenen de frou net mear rêde.
It ûngelok op de Brêgeloane, tusken Blauforlaet en Bûtenpost, hie plak om 14.40 oere hinne.