FNP: Europeeske Kommisje moat de beskerme status fan de wolf sa gau mooglik oanpasse

In wolf op de Veluwe © ANP
Europa moat de beskerme status fan de wolf foar Fryslân sa gau mooglik oanpasse. Dat fersyk docht de FNP yn in brief oan foarsitter Ursula von der Leyen fan de Europeeske Kommisje.
As de Europeeske Kommisje de status oanpasse soe, dan krijt de provinsje de mooglikheid om maatregels te nimmen om wat te dwaan oan de oanfallen fan wolven op fee.

Oanfallen troch de wolf

De FNP fynt it in ûnhâldbere situaasje dat der alle wiken wol berjochten binne fan oanfallen op skiep en oare húsdieren. Europa moat dêr each foar ha, fynt de partij.
De brief fan de FNP is in reaksje op in fersyk fan miljeuministers fan tolve Europeeske lidsteaten. Dy fregen de Europeeske Kommisje ôfrûne wike om de swier beskerme status fan it bist just yn stân te hâlden.

Gebrek oan natuerlike proai

Neffens de FNP hat Fryslân in soad lêst fan de oanfallen om't der yn ús provinsje gjin herten en wylde swinen omrinne. Boppedat hat Fryslân in soad oaniensletten natuergebieten dêr't wolven harren yn ferskûlje kinne.
De partij hat al earder oan it Ryk frege om te besykjen yn Europa in legere beskermingsstatus fan de wolf te krijen.