Dit is wêrom't it moanlike testalarm njoggen minuten te let ôfgie

It moanlikse testalarm wie hjoed njoggen minuten te let. It wie pas om 12.09 oere yn Fryslân, Grinslân en Drinte te hearren. De sirene heart op de earste moandei fan de moanne om 12.00 oere eksakt ôf te gean.
Neffens in wurdfierder fan de Veiligheidsregio kaam de sintralist yn Drachten fanwege oare drokte der net oan ta om de alarmknop op dy tiid yn te drukken.
De wurdfierder seit dat soks in inkelde kear faker foarkomt. It levere in stik as wat ferûntrêste reaksjes op, lit de Veiligheidsregio witte.
Ek yn Noard-Brabân en Seelân twitteren minsken oer in let alarm.