RIVM jout op 'e nij stookalert ôf foar Fryslân

Houtkachel © Omrop Fryslân, Jantine Stoffers
It RIVM advisearret ynwenners fan Fryslân ek hjoed om gjin hout te stoken. It stookalert is ôfjûn om't it amper waait en sa bliuwt de reek lang hingjen, wat skealik wêze kin.
"Door niet te stoken, voorkom je gezondheidsklachten en (geur)hinder bij jezelf en in je omgeving", leit it ynstitút út.
Mear minsken ha no houtkachels fanwegen de hege gasprizen. Houtreek is net sûn om binnen te krijen, mar as it waait ferspriede de skealike stoffen dy't deryn sitte har flugger. De reek befettet ûnder mear benzeen, PAK's, fynstof en koalmonokside. Benammen minsken mei lêst fan de luchtwegen of hert- en iersykten, âlderen en bern kinne lêst krije.
It stookalert jildt net foar minsken dy't inkeld in houtkachel hawwe om har hûs mei te ferwaarmjen. Se hoege net yn de kjeld te sitten.
Moandei hie it RIVM ek al in stookalert ôfjûn foar ús provinsje. De warskôging jildt ek foar Grinslân, Drinte, Oerisel, Noard-Hollân, Súd-Hollân, Utrecht en Flevolân.