Part fan de A7 tusken Snits en De Jouwer is wer iepen foar ferkear

In part fan de tunnel is wer iepen foar ferkear © CAMJO Media
In part fan de Prinses Margriettunnel op de A7 tusken Snits en De Jouwer wurdt yn de rin fan de middei al wer iepene. De wurksumheden dêrfoar binne moandei ôfrûne.
It giet dan ûnder oare om it fuortheljen fan de tûzenen sânsekken dy't it fierdere fersakjen fan de tunnel foarkomme moasten. Ek is der in nij stabilisaasjesysteem oanbrocht yn de tunnel.

Ferkearsdruk

Op it part fan de dyk dat wer iepene wurdt jildt aanst in maksimumsnelheid fan 50 kilometer yn de oere. Der is ien rydstripe yn eltse rjochting iepen. Rykswettersteat ferwachtet dat it iepenjen fan de tunnel de ferkearsdruk op de omlizzende wegens ferminderje sil.
Part fan de A7 tusken Snits en De Jouwer al wer iepen
Earder wie de ferwachting dat de dyk heal febrewaris wer iepen koe. Dat is dus betider wurden. Der is ek yn it wykein noch oan de dyk wurke.

Grûnwetter

De Prinses Margriettunnel moast yn desimber ynienen ticht omdat it grûnwetter ûnder de tunnel it weidek omheech drukte. Troch it ôfsluten fan de tunnel moast it ferkear sûnt dy tiid omlaat wurde.
Rietman