Dûane kontrolearret Waadgebiet faker, ek mei drones, om drugskriminaliteit tsjin te gean

Aukje de Vries (mei sjaal) by de drone yn Harns © Omrop Fryslân, Earryt Sijens
Swiere kriminelen witte foar har transporten hieltyd faker it Waad te finen. De dûane fiert dêrom faker en stranger kontrôles út, bygelyks om drugs te ûnderskeppen. Dat dogge se mei boaten, drones en sels ûnderwetterrobots.
"De drone is in moai ynstrumint dat we tafoegje kinne oan wat we al dogge", seit steatssekretaris Aukje de Vries. "It is in grut gebiet en it is belangryk dat we in soad eagen ha en dit helpt derby. Foaral de ûnfoarsisberheid dat we ergens binne, fergruttet de kâns fan slagjen om kriminelen te pakken te krijen."
De steatssekretaris fan Taslaggen en Dûane brocht fan 'e moarn in besite oan de dûane yn Harns.
Dûane kontrolearret Waadgebiet faker, ek drones ynset
De oanlieding is soarchlik, nammentlik dat der mear drugskriminaliteit is. De mienskip en bedriuwen ha dêr lêst fan en der binne sjitpartijen. "Dêrom is de oanpak tsjin 'ondermijning' belangryk."
Yn Rotterdam, Vlissingen en Amsterdam wurde tal fan maatregels naam. "We wolle ek alert wêze op wat der bart yn de rest fan it lân sadat it net ferskoot." De drone kin ein dit jier ynset wurde yn it Waadgebiet.

Gearwurkje

It kabinet ynvestearret hast 30 miljoen euro yn de oanpak en wurket gear mei ferskate partijen. "De gearwurking mei oare partijen dy't aktyf binne yn it Waadgebiet moat yntinsiver."
Fanwegen krapte op de arbeidsmerk is der in kampanje opset om mear minsken by de dûane oan it wurk te krijen.
Steatssekretaris Aukje de Vries