In stienkâld Arcadia-evenemint: net óp it iis, mar ýn it iis

Yn it kâlde wetter © Omrop Fryslân, Wendy Kennedy
Lekker reedride op in iisbaan: it soarget foar ferbining, mar troch klimaatferoaring kin it hieltyd minder. Dochs kin iis ek op in oare wize foar ferbining soargje, sa fynt Joska Marrit.
Se organisearret op 11 febrewaris in evenemint dat 'ferbining troch iis' hjit. By de iisbaan yn Drylts komme ferskate iisbaden te stean, dêr't minsken ûnder begelieding yn kinne. Der binne fjirtich oanmeldingen foar minsken dy't in iisbad nimme wolle mei it evenemint. Joska Marrit jout yn it deistich libben 'kjeldtrainingen.' Dat jildt net allinnich foar it nimmen fan in iisbad, mar ek foar it swimmen bûtendoar yn de winter.

In klap, mar goed foar de trochblieding

Foar likegoed it nimmen fan in iisbad as it swimmen yn bûtenwetter yn de winter jildt dat der fan alles yn it lichem bart, fertelt se. "Je lichaam krijgt eerst een enorme klap, want het actiedeel van je zenuwstelsel wordt geactiveerd: je wilt vechten of vluchten."
De spieren spanne har oan en de bloedfetten fernauje. "Vervolgens gaan je spieren ontspannen en verwijden je bloedvaten weer: het is heel goed voor je doorbloeding. En dan komen de hormonen vrij: noradrenaline, dopamine en serotonine. Je lichaam krijgt een reset."
Ferbining troch iis
'Ferbining troch iis' begûn mei it idee fan de iisbaden, mar is yntusken útgroeid nei in grutter barren dat yn it ramt stiet fan bewustwêzen. Sa is der ek omtinken foar sûn iten, yoga, massaazjes en sykheljen.
"Ik hoop dat er veel mensen komen en dat ik ze inspireer om aan hun leefstijl te werken. Dat ze naar binnen keren om zo weer in verbinding te komen met zichzelf en zo weer met elkaar."
IIsbanen
'Ferbining troch iis' is ûnderdiel fan it mienskipsprojekt IIS fan Arcadia. It is in projekt dêr't iisbanen sintraal steane. IIsbanen steane symboal foar ferbining as der op riden wurde kin, mar ek foar de klimaatkrisis. Der binne ferskate projekten organisearre, fan eksposysjes oant kulturele manifestaasjes, mei as sintrale fraach: hoe kinne wy in goede foarâlder wêze? Arcadia wie de kultuermanifestaasje yn 2022, as opfolger fan kulturele haadstêd 2018. It mienskipsprojekt IIS rint wat langer troch om't it fanwege corona fertraging oprûn.