Dit binne trije Fryske reedrydtalinten om yn de gaten te hâlden

Thialf is it dekôr fan it NK ôfstannen © Orange Pictures
Trije Fryske reedrydtalinten hawwe dit wykein op it Nederlânsk kampioenskip ôfstannen harren debút makke. Tiid om yn de kunde te kommen mei Amber Duizendstraal (19), Mathias van Zwieten (20) en Sanne Westra (19).
© Omrop Fryslân
De earste is Amber Duizendstraal fan Team FrySk. "Toen ik zeven was ben ik begonnen met schaatsen in de oude ijshal van Leeuwarden", fertelt de berne Ljouwerter.
Se mocht foar it earst ride op it Nederlânsk kampioenskip ôfstannen en die dat op de 500 meter. As we Duizendstraal freegje nei har favorite ôfstân, is dat antwurd dan ek net sa yngewikkeld. "De sprint natuurlijk!", fertelt se.
De 19-jierrige Duizendstraal hat dus in foarkar foar de 500 en 1.000 meter, mar se mei ek graach in 1.500 meter ride. "Die gebruik ik ook om de 1.000 meter te verbeteren en vooral die laatste ronde om door te pakken."
In foarbyld hat de reedrydster net echt. Alteast, as we trochfreegje komt se dochs mei de namme fan Ireen Wüst op it kleed. "Ze was niet echt van de 500 meter, maar ze was een echte schaatstopper waarnaar ik altijd opkeek."
Wa is Amber Duizendstraal?
Dat Duizendstraal dit wykein ride mocht op it NK ôfstannen, wie foar har in moaie opstekker. Se komt nammentlik út in drege perioade. "Vorig jaar heb ik niet heel veel kunnen schaatsen door een blessure. Ik ben geopereerd in april en sindsdien heb ik geen last meer van de blessure gehad."
Dy blessuere makket wol dat se dit seizoen sûnder ferwachtings yngien is. "Lekker rijden om het plezier in het schaatsten te vinden, want dat zat er vorig jaar niet in. Ik ben super blij dat het dit jaar gelukt is om bij dit soort toernooien te staan."
Het NK sprint vond ik ook geweldig, maar dit vond ik toch wel het geweldigst!
Amber Duizendstraal
De reedrydster fan Team Frysk einige úteinlik as sechtjinde op de 500 meter. "Als alles zou kloppen, had ik heel erg graag mijn eerste 38'er gereden", seit Duizendstraal, dy't dêr net yn slagge. "Maar ik ben toch wel tevreden. Ik heb mijn snelste opening ooit gereden dus ik ben op zich wel tevreden."
Hoe sjocht se werom op har earste NK foar folle tribunes yn Thialf? "Het NK sprint vond ik ook geweldig, maar dit vond ik toch wel het geweldigst!"
© Omrop Fryslân
De typysk Fryske fraach: 'Fan wa bisto ien?' beäntwurdet Mathijs van Zwieten mei: "Sandra Zwolle". Hy is de soan fan de âld-reedrydster. "Ze is naar de Spelen geweest in Nagano, dus dat is een mooi voorbeeld", seit de 20-jierrige reedrider.
En, om spul thús foar te kommen, litte we dan syn heit ek net ferjitte. "Mijn vader heeft het IJsselmeer een keer over geschaatst, daar praat hij thuis altijd over. Dat heeft ook niet iedereen gedaan. Het is me met de paplepel ingegoten."
Nei't Van Zwieten syn swimdiploma helle, begûn er ek mei fuotbaljen. Mar dêr bleaun it net by, fertelt er. "Mijn moeder wilde me ook op schaatsen hebben."
Yn tsjinstelling ta syn mem, dy't goed út de fuotten koe op de sprintôfstannen, hâldt Van Zwieten wat mear fan it langere wurk. "De 5 kilometer is tot nu toe mijn favoriet. Op de 500 meter hoef je me niet neer te zetten", laket de ynwenner fan Lúnbert.
Wa is Mathijs van Zwieten?
In Fries dy't fan langere ôfstannen hâldt. Dan is it net sa dreech om foar te stellen wat de reedryddream is fan Van Zwieten. "Dat is de Elfstedentocht winnen. Maar dat zal niet snel gebeuren. Anders de 5 kilometer op de Olympische Spelen. Dat is iets waar ik graag naartoe zou willen."
Bij ons in het team noemen ze me Swings, want mijn slag lijkt er wel op.
Mathijs van Zwieten
Reedrydynspiraasje hellet Van Zwieten fansels út syn âlders, mar dat net allinnich. "Ik ben groot fan van Bart Swings. Dat vind ik wel een mooie rijder. Bij ons in het team noemen ze me Swings, want mijn slag lijkt er wel op. Siep (Hoekstra, coach fan FrySk, red.) is daar ooit mee begonnen en nu nemen ze dat wat over."
Op it NK ôfstannen mocht Van Zwieten de 5.000 meter ride. Ideaal wie dat allegear net, om't hy de ôfrûne wike noch natoeriiswedstriden ried op de Weissensee. "Dat is niet optimaal, maar ik ben wel tevreden met mijn rit. Ik heb met de trainers een plan afgesproken en dat heeft goed uitgepakt."
© Omrop Fryslân
Sa'n alve jier is de no 19-jierrige Sanne Westra dwaande mei reedriden. Se kombinearret it mei de pabo, de oplieding ta dosint yn it basisûnderwiis, op NHL Stenden yn Ljouwert. "It hat syn muoilike mominten om it te kombinearjen, mar riden stiet by my altyd op ien", fertelt Westra.
De Drachtster is gjin sprinter en besiket der fanút it allrounden efter te kommen op hokker ôfstannen se har talizze wol. "Dat binne foar my no de 1.000 en 1.500 meter, mar it allrounden fyn ik ek hiel leuk. Dus ik ha noch net echt in kar dêryn meitsje kinnen."
Lykas Duizendstraal neamt Westra Wüst as har foarbyld. It moaie is dat Westra har foarbyld ek wol ris riden sjocht yn Thialf. "Se is noch geregeld op de baan te finen. Mar ik bin wat te beskieden om op har ôf te stappen."
Wa is Sanne Westra?
Westra makke har NK ôfstannen-debút op de 1.500 meter fan freed. Dêryn einige se as fjirtjinde. "Ik hie der miskien noch wat mear úthelje wollen, mar foar no is dit prima. Ik bin debutante, dus dan kinne je reedlik tefreden wêze", fertelt se nei ôfrin.
Wat se miskien noch wol moaier fynt, is dat se mei in soad publyk ride mocht. Westra dêroer: "Ik ha noch net sa faak yn in fol Thialf stien. It is hartstikke moai om dêr te stean mei freonen en famylje op de tribune."
"Op dit stuit binne dit de mominten dêr'tst nei talibbest en dêr'tst it foar dochst. Wat dat oanbelanget is dit it hichtepunt", seit Westra oer it NK ôfstannen.
It is tricky om dat út te sprekken, mar myn echte dream is om nei de Olympyske Spelen te meien.
Sanne Westra
Meidwaan oan sa'n toernoai priuwt fansels nei mear. As Westra frege wurdt nei har reedryddream, doart se it suver hast net te fertellen. "It is tricky om dat út te sprekken, mar myn echte dream is om nei de Olympyske Spelen te meien. Olympysk goud is foar eltse sporter in dreamdoel en ek foar my."
Mocht goud no net helber wêze, is se ek wol mei minder tefreden. "Mar ik soe it al hiel moai fine om dêr oait stean te meien."