Meikoarten oerlis oer fargeul nei It Amelân; polityk is oan set

Fearboat Sier © Omrop Fryslân, Ronald van der Pol
Reizgers fan en nei It Amelân moatte de kommende tiid rekken hâlde mei útfallende feartsjinsten. Rederij Wagenborg moat op it tij farre. Dat hat te krijen mei de feiligens fan de fargeul.
Om boaten farre te litten moat der genôch wetter stean en moat de fargeul djip en breed genôch wêze. "Er is een breedte van minimaal 55 meter nodig een een diepte van 3,5 meter min NAP", seit Ger van Langen, direkteur fan de feartsjinst. Wagenborg is al oerstapt op ienrjochtingsferkear.

Ynfloed fan de wyn

De útfal kin pas in pear dagen yn it foar bepaald wurde, omdat de wyn de stân fan it wetter beynfloedet. "Bij westenwind is er verhoging en bij oostenwind een verlaging."
It probleem spilet al langer. Kommende tongerdei is der wer oerlis mei it ministearje. "Het probleem is dat de oostelijke Waddenzee sneller verzandt dan voorzien." It sân dat baggere wurdt, mei net fier ferpleatst wurde en sa skoot it sân úteinlik wer nei de fargeul ta. "Dat is zo opgenomen in de voorwaarden van de natuurbeschermingswetvergunning en misschien moeten we daar eens naar kijken."
Om't it eastlike part rapper fersânet, moatte der mear aktiviteiten komme om de berikberens op it nivo te hawwen dat opnaam is yn it ferfierplan.

Oplossing leit by polityk

As de boat net farre kin, is der gjin oare mooglikheid om fan Holwert nei It Amelân te gean en oarsom. "Omdat er te weinig water staat om te varen en onze schepen hebben al een minimale diepgang. Dat probleem is niet snel op te lossen."
It is oan de polityk. "Het is een afweging tussen ecologie en economie en daar moet een duidelijk antwoord op komen." Der wurdt wol baggere. "Er is steeds meer actie nodig om het resultaat te behalen wat je graag wilt. Er moet gekeken worden naar de methodiek, naar de inspanning die daarbij nodig is en of het geld nog in verhouding is tot de inspanning."
Ger van Langen