Earste stakingsdei yn iepenbier ferfier: part fan bussen rydt net, treinen ride wol

Bussen ride net © Omrop Fryslân, Timo Jepkema
Trije fakbûnen yn it streekferfier roppe har leden op dizze wike te staken. De staking leit in part fan it busferfier plat, de treinen fan Arriva ride wol.
In stevige leansferheging, in goeie regeling foar âlderen en in goeie oanpak tsjin de hege wurkdruk binne de belangrykste punten foar in bettere cao foar sa'n 13.000 wurknimmers.
It is net foar it earst dat staakt wurdt. It konflikt ferhurdet seit bussjauffeur Andries de Jong fan fakbûn FNV. As se it iens binne oer ien punt, dan wurdt in oar punt fan tafel fage. "De wurkjouwers binne krekt in jojo, se wolle der net út komme."
Nei eardere stakingen fan ien dei en dan no in wike is it ek mooglik dat foar ûnbepaalde tiid staakt wurdt. "Ik bin bang dat we dêr op ôfstevenje. It wurdt tiid dat de wurkjouwers ris wekker wurde."
Neffens De Jong is de reewilligens ûnder de fakbûnsleden by de bussjauffeurs grut om te staken. De sektor hat te krijen mei personielskrapte. "Ast net in oantreklike wurkjouwer bist, dan krijst dat personiel ek net."
Hy hat begryp foar de reizgers dy't dupearre wurde troch de stakingen. "Mar we dogge it ek foar de reizgers. Troch de ôfskaling bliuwt der neat fan it iepenbier ferfier mear oer. We stake ek foar in bettere tsjinstregeling, dat der mear oerstaptiid komt foar passazjiers."
Andries de Jong fan FNV
Trein yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Earryt Sijens
Arriva meldt dat sa'n 60 prosint fan har bussen yn Fryslân wol ride. Pas moarns wurdt dúdlik watfoar wurknimmers stake, dat jouwe se net yn it foar oan.

Treinen ride wol

De treinen fan Arriva yn Fryslân en Grinslân ride hjoed wol. De reguliere tsjinstregeling is opstart. It kin wol drokker wêze, om't der minder lange treinen ynset wurde.
Foar reizgers smyt de staking problemen op. "Dy wurde enoarm dupearre", seit Jacoba Hoeksma, wurdfierder fan Arriva. Ek dat it ûndúdlik is wat wol en net rydt. "Wat wol ride kin, wolle we graach ride." Se hopet dat de wurkjouwers en wurknimmers der gau út binne. "Der jilde ferskillende belangen en dêr moatte se útkomme."
Reizgers krije it advys om op de reisplanners te sjen, dy wurde hieltyd bywurke.
Jacoba Hoeksma fan Arriva