Lampen fan wynparken noch hieltyd oan om’t in radarfergunning ûntbrekt

De lampen fan Wynpark Fryslân en Nij Hiddum-Houw kinne foarearst noch net út. Der is noch gjin fergunning foar it brûken fan in radar. Dy stiet op Koarnwertersân en kin fleantugen detektearje.
As de radar fleantugen sjocht, dan is it de bedoeling dat de ljochten op de wynmûnen oangean. Troch mei dy bewegingen oan te springen, moat ljochtfersmoarging tsjingien wurde. Mar it ministearje fan Ekonomyske Saken hat noch gjin fergunning ôfjûn.
It ministearje is noch dwaande mei in nij 'Nationaal Frequentieplan' en dêrom is de frekwinsje foar de radar no noch blokkearre. Dat plan soe earder dizze winter al klear wêze, mar it is útsteld oan takom winter.
Wynpark Fryslân en Nij Hiddum-Houw
Direkteur Anne de Groot fan Wynpark Fryslân baalt fan it probleem: "De radar stiet der al en wy hawwe him ek al test. Dat koe op in tydlike fergunning. Mar no meie wy de radar dus net oansette."
It hat ek gefolgen foar wynpark Nij Hiddum-Houw, op de kop fan de Ofslútdyk. Dy makket ek gebrûk fan de radar om sa ljochtfersmoarging foar omwenners te beheinen.

De radar hat 800.000 euro koste en is dus al wol test mei in tydlike fergunning. Ut de test die bliken dat it systeem goed wurket.
De Groot: "We witte dat it wynpark hiel sichtber is. Der moatte lampen op foar de feiligens. Dy ha wy net nedich. As der dan in mooglikheid is om oerlêst te beheinen, dan dogge we dat. Sa hawwe wy al sichtsensoaren pleatst dy't derfoar soargje dat de lampen dimme by goed sicht en hat mar in oantal mûnen in lampe."
Gjin garânsjes
De Groot hopet no dat de frekwinsjes fluch ferdield wurde. Dan kin de radar fan de takom hjerst ôf draaie. "Garânsjes haw ik net, mar eltsenien wol der graach oan meiwurkje, dus ik haw goede hoop."