Wêrom staakt it ov-personiel en wa hat hjir lêst fan?

© Omrop Fryslân, Aise van Beets
Dit artikel is makke op grûn fan ynformaasje dy't freed beskikber wie.
Yn Fryslân leit it personiel fan Arriva en Qbuzz dizze wike fan moandei oant en mei freed it wurk del. Buertbussen en belbussen ride wol.
Arriva en Qbuzz binne ûnderdiel fan de groep streekferfierders dy't staakt om't se in bettere cao easkje. Ofrûne tongersdei bleaune de wurknimmers ek thús. Doe rieden yn hiel Fryslân gjin treinen.
Omdat buertbussen riden wurde troch frijwilligers, geane dy wol de dyk op. Fan opstappers en linetaksys (belbussen) kin ek elkenien gebrûk meitsjen bliuwe. Dat komt omdat sy falle ûnder de taksybedriuwen.

Leansferheging en hege wurkdruk

Yn it iepenbier ferfier binne twa cao's: cao iepenbier ferfier en cao multymodaal. Ta de earste hearre sa'n 13.000 minsken yn Nederlân. Dêrby giet it om ûnder mear bussjauffeurs. Under de 1.300 wurknimmers fan multymodaal falt bygelyks treinpersoniel.
Beide groepen stake. Foar beide cao's jildt dat de meiwurkers wolle dat de leanen automatysk mei de ynflaasje mei omheech geane en dat de hege wurkdruk oanpakt wurdt. Dat soe it hege syktefersom ek werombringe moatte.
Wurkjouwers binne net yngien op in ultimatum fan de fakbûnen. Dêrom gean de wurknimmers oer ta de staking fan fiif dagen.

'Net noch mear ov-reizgers kwytreitsje'

Reizgersorganisaasje Rover sei earder "snel een einde" te wollen oan de stakingen. Neffens har is it "in ieders belang om niet nog meer reizigers kwijt te raken. We roepen op tot reizigersvriendelijke acties, die ook zijn toegestaan. We vragen vervoerders om coulant te zijn met vergoedingen voor reizigers die vandaag alternatief vervoer hebben gekozen."