Listlûker Goudzwaard ree om deputearre te wurden: "JA21 is klear foar it kolleezje"

Listlûker Maarten Goudzwaard fan JA21 is ree om nei de ferkiezingen deputearre te wurden. Dat sei hy yn it Nijsfoarum fan Buro de Vries.
Neffens Goudzwaard kinne minsken dy't 'rjochts' stimme wolle, it bêste stimme op JA21, omdat de oare 'rjochtse' partijen neffens him net ree binne om in koälysje te foarmjen mei oare partijen. Hy hat it dan oer BVNL, PVV en Forum voor Democratie.
"Ik leau net dat dizze partijen konsesjes dwaan wolle en dat is wol nedich, wolst yn in koälysje sitte. En dan krijst dat de linkse partijen inoar fine. Dus in stim op ien fan dy trije partijen is in stim dy't ferlern giet en dêrmei berikke je it tsjinoerstelde fan watst wolst."

JA21 is wol ree om kompromissen te sluten en in koälysje te foarmjen mei oare partijen. Op de fraach wa't JA21 dan nei foaren skoot as kandidaat-deputearre antwurde Goudzwaard dat der earst oerienstimming wêze moat oer in kolleezjeprogramma en dat dêrnei de 'popkes pas ynfolle wurde.' Mar nei wat oantrúnjen joech er ta dat er sels ree is om dy funksje oan te nimmen.
Fjouwer sitten
JA21 hopet op fjouwer of miskien wol fiif sitten by de kommende ferkiezingen. "Yn de peilingen komme wy no út op trije sitten, mar de kampanje is no begûn en as wy dat goed dogge tink ik wol dat fjouwer of fiif sitten der yn sitte", seit Goudzwaard.
"Us wichtichste punt is dat wy ús fersette tsjin de twangwet fan steatssekretaris Eric van der Burg, as it giet om it húsfestjen fan asylsikers", seit er. Goudzwaard wol net meiwurkje oan de wet, dy't gemeenten aanst twinge kin opfang te regeljen.
"De oerheid besiket safolle mooglik drege dossiers oer it sket te smiten by de provinsjes", sa is Goudzwaard fan betinken. "Wy hawwe sein: dêr wurkje wy net oan mei. Ek net as it giet om wynmûnen en sinneflakten, wy leauwe yn nije foarmen fan enerzjy lykas de moderne kearnsintrales. En wy fersette ús tsjin it stikstofbelied."
D66
Listlûker Danny van der Weijde fan D66 giet út fan trije sitten, mar mikt op fjouwer. Hy hopet dat de Friezen D66 net te bot ôfrekkenje op it lanlike belied, hoewol't ek de Fryske ôfdieling fan D66 dêr wol efter stiet.
It lanlike ferhaal sipelet wol troch, jout Van der Weijde wol ta. "Dat is helaas een feit." Neffens him spilet ek mei dat Provinsjale Steaten ien fan de minst sichtbere bestjoerslagen yn it lân is.
It Nijsfoarum oer de ferkiezingen
"We zullen de landbouwtransitie nu vorm moeten gaan geven en ik hoop dat veel Friezen, ook boeren, dat inzien en ons niet gaan afrekenen omdat ze Tjeerd niet leuk vinden", seit Van der Weijde. Dêrmei doelt hy op Tjeerd de Groot, it D66-Keamerlid dat him bot útsprekt yn it stikstofdebat en dy't de delslach flink werombringe wol.
Van der Weijde fertelt dat D66 him al lange tiid oan it tarieden is op de ferkiezingen en dat syn partij ynkoarten echt los giet en mear sichtber wurde sil. "We hebben er zin in. Wij zijn de partij die daadwerkelijk groene keuzes durft te maken en ergens voor staat."
Dêr wol hy him persoanlik hurd foar meitsje. "We zijn pragmatisch in onze aanpak, maar we hebben ook doelen waar we heen willen wat klimaat, energie en landbouwtransitie betreft."
Net beskikber foar de Steaten
Lutz Jacobi stiet as listtriuwer op de list foar de Partij van de Arbeid, mar is net fan doel de Steaten yn te gean as sy in hiel soad foarkarstimmen krije soe.
Yn it Nijsfoarum fan Buro de Vries waard fierder noch praat oer it Waadgebiet. Jacobi hold in stevich pleit om op te hâlden mei aktiviteiten yn it Waadgebiet dy't skea oanbringe.
Harkje nei it folsleine Nijsfoarum fan Buro de Vries
Benammen de steapeling fan dy aktiviteiten is in reden foar soarch, seit Jacobi. "Der is nea goed ûndersocht wat it effekt fan gasboarringen en sâltwinning is. Wês no ris ferstannich en hâld der mei op. Ek mei toeristyske aktiviteiten as mei in grutte rib - in rubberboat dy't hiel hurd farre kin - om Skiermûntseach te skeuren om seehûntsjes te sjen. Bespotlik."
Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende petearen. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn. Mei in soad omtinken foar natuer, kultuer en skiednis. De doarren fan it Buro binne sneins iepen fan 11.00 oant 13.00 oere. Sneintejûn om 21.00 oere wurdt it programma werhelle.