Lutz Jacobi tsjin fúzje PvdA en GrienLinks: "It is top-down, dat steurt my freeslik"

Lutz Jacobi op argyfbyld © ANP
"Ik bin tsjin fúzje", seit Lutz Jacobi oer de gearwurking tusken har PvdA en GrienLinks. Jacobi sjocht dat dizze ferkiezingen dêr in oanset ta wêze kinne, mar seit ek: "As it mar fan ûnderen op is. Mar it is op dit momint top-down, dat steurt my freeslik."
Jacobi is sûnt juny lanlik bestjoerslid foar de Partij van de Arbeid. Sy waard keazen op in kongres dêr't ek al stimd waard oer it mei-inoar oplûken fan de Earste Keamerfraksjes fan de PvdA en GrienLinks.
Dat sil, seit Jacobi. Mar fúzje hoecht om har net. "Want wat hat de kiezer der oan, de minsken yn it lân? It is ek net de faze om it dêr oer te hawwen", sa is sy fan betinken.
Boppedat fernimt de PvdA-koryfee dat net alle leden der ferlet fan hawwe. "Der binne ek minsken dy't sizze: ik fyn it prima dat wy gearwurkje, mar bliuw fan myn partij ôf. Ik siet juster yn in keammerke mei GrienLinksers, sy seagen my as in ferstekling. Ik tocht: hoesa, it giet hjir dochs om gearwurking? Mar hast it hiele sealtsje sei: 'blijf van mijn partij af.'"

Bredere gearwurking

Nettsjinsteande dat is Jacobi wol in grut foarstanner fan gearwurking. "Ik mis ek wol wêr't it hinne moat mei ús lân en ús provinsje. Fyzje, mis ik. Yn de ferkiezingstiid knokke wy allegearre foar ússels. Sa giet it. Dêr kinne je fan miening ferskille, just yn ferkiezingstiid moatte je sizze: as it oan my leit is dit de rjochting."
Sneon holden beide partijen in kongres yn itselde gebou, dat foaral yn it ramt stie fan de gearwurking. Yn de oanrin waarden ferskate pommeranten fan PvdA en GrienLinks lid fan inoars partij. Sa ek Hein de Haan (PvdA) en Nathalie Kramers (GL) yn Ljouwert, dêr't Jacobi ea yn de ried siet. De dûbelleden binne wol foarstanners fan in fúzje.
Partijlieders fan PvdA en GrienLinks binne foar gearwurking © ANP
Jacobi soe it leafst noch in folle bredere gearwurking hawwe, mei mear partijen. "Want wat stelle je foar mei twa partijen?" Sy tinkt oan D66, Partij voor de Dieren, SP, mar ek in JA21 is net útsletten. "Eltse partij hat sa wol syn sosjale eleminten, dêr moatte je inoar op fine."
Gearwurkje, prima. Mar organisatoarysk leit it hiel oars en hiel yngewikkeld. Bliuw dêr ôf.
Lutz Jacobi (PvdA)
"Gearwurkje, prima. Mar organisatoarysk leit it hiel oars en hiel yngewikkeld. Bliuw dêr ôf", is it dúdlik boadskip fan Jacobi. "Der is no in manifest makke oer wenningbou, sosjale aspekten, ferfier, enerzjy. Dat giet nei alle ôfdielingen, dêr sille wy mei-inoar prate oer watfoar foarm fan gearwurking der efter sitte moat."
Wat Jacobi oan de oare kant ek net wol, is noch mear fersnipeling. "Want dat steurt my ek wol bot. Ien is it der wer net mei iens en rjochtet syn eigen partij op. As dat sa mar trochgiet, kinst dyn lân net mear bestjoere."

"Direkteur fan it geraniumfabryk"

Jacobi siet oant 2017 foar de PvdA yn de Twadde Keamer en waard dêrnei direkteur fan de Waadferiening. Dêr is sy sûnt dit jier mei opholden. "Ik bin no direkteur fan it geraniumfabryk", laket sy.
Sy is noch wol listtriuwer foar har partij. "Ik stypje moreel. Mar ik sil net de Steaten yn, wês net benaud. As in listtriuwer in soad stimmen krijt, dan is der wol wat mei de list oan de hân, sis ik altyd."