Prinsipiële Anema is it net iens mei KNSB en mei dêrtroch net op it iis by NK ôfstannen

Jillert Anema (rjochts) besjocht it NK ôfstannen fan boppe yn Thialf, links bûnscoach Rintje Ritsma © Orange Pictures
Jillert Anema stiet dit wykein net op it iis by it Nederlânsk kampioenskip ôfstannen. It reedrydbûn KNSB jout gjin tastimming om't de reedrydcoach fan Bontebok wegeret om bepaalde ynformaasje troch te jaan.
Underwerp fan it skeel tusken Anema en de KNSB binne saneamde lisinsjepunten. Reedrydcoaches moatte in trainerslisinsje hawwe, om harren wurk dwaan te meien. Om by kommersjele teams oan de gong te kinnen, hawwe je de heechste trainerslisinsje nedich: topcoach 5.
Je moatte tuskentroch ek lisinsjepunten helje om dy trainerslisinsje te behâlden. Dat kinne je op ferskate wizen dwaan. In foarbyld is in webinar folgje oer it materiaal fan it langebaanreedriden. Dat kin bygelyks op moandei 13 febrewaris en dat smyt twa saneamde lisinsjepunten op.
Sa binne der troch it jier hinne noch mear aktiviteiten wêrmei't je dy punten helje kinne. En dêr sit krekt de diskusje tusken Anema en it reedrydbûn.

"Bespotlik"

Anema hat syn behelle lisinsjepunten nammentlik net oan de KNSB trochjûn. Dat befêstiget de 67-jierrige coach. "Op skrift jou ik it net troch, mar ik haw it wol melden. En ik haw myn CV stjoerd mei opliedingen dy't ik dien haw."
Neffens technysk direkteur Remy de Wit fan de KNSB is dat net foldwaande, om't fêstlein is yn de regleminten by de KNSB dat it skriftlik trochjûn wurde moat.
Dizze situaasje is neffens De Wit net nedich, om't er tinkt dat Anema de lisinsjepunten wol helle hat: "Alleen hij weigert principieel om dat Excel-formulier in te vullen." Dat kloppet, seit Anema. "Dat gemier om dat op skrift te dwaan, wat ekstreem fraudegefoelich is, dat fyn ik gewoan bespotlik."
Gefolch is dat Anema it NK dit wykein út it kantoar fan de ploech wei besjocht en net op it iis stiet as riders fan him as Marijke Groenewoud en Irene Schouten yn aksje komme.
Jillert Anema bliuwt by syn prinsipes en mei dus net op it iis dit wykein
De wichtichste reden dat Anema wegeret om syn lisinsjepunten skriftlik troch te jaan, is dat it systeem fan de KNSB neffens him net doocht. "Kinst op in seminar op ynternet ynlogge, dêrnei fuortgean en dan krijst dy punten. Ik fyn net dat it sa moat", fynt Anema.
Boppedat, sa fynt er, is it net goed dat de KNSB alles sels yn hannen hat. "Se meitsje kursussen, jouwe der sels punten oan en kontrolearje de hiele saak. Dat moast net dwaan."

Maatwurk foar coaches

De Wit is it foar in part iens mei de krityk fan Anema. "Wij willen ook toe naar verbetering. We vinden dat we voor coaches met niveau 5 zaken op maat moeten maken", seit de technysk direkteur fan it bûn.
Der moat dus maatwurk komme foar coaches fan kommersjele ploegen as Albert Heijn Zaanlander, Reggeborgh en Jumbo-Visma, fertelt De Wit. "Wat we zien is dat in het schaatsen coaches soms overgekwalificeerd zijn. Want naast het coachen hebben ze een heel bedrijf te runnen. Ik vind dat je daar kritisch naar moet kijken en moet afspreken wat dat betekent."
Technysk direkteur Remy de Wit fan de KNSB reagearret op de krityk fan Jillert Anema
Om de saak te bepraten hat de KNSB ôfrûne wike mei de beliedsbepalers fan de kommersjele ploegen om tafel sitten. Dat wie in 'lang en uitvoerig' petear, seit De Wit. "Uiteindelijk hebben wij als bond en ik als technisch directeur besloten bij het beleid te blijven."
Neffens Anema wie by dat oerlis Jumbo-Visma it iennige team dat net woe dat hy dit wykein op it iis stean soe. "Yn dy gearkomste frege de KNSB unanimiteit om ta in oare regeljouwing te kommen foar topcoaches. Allinnich Sven Kramer út namme fan Jumbo-Visma fûn net dat ik op it iis koe."
Jac Orie, direkteur en coach fan Jumbo-Visma: "Er is gevraagd of wij er mee instemden om iemand dispensatie te geven voor zijn punten. Dan kun je dus op het ijs staan. Maar dan zeg je dus: ik lap al de punten aan mijn laars. En vervolgens zeg je: ja, ik wil mijn punten niet inleveren.
Als je tegen mij zegt, we gaan eens zitten en we moeten de opleidingen verbeteren, dan zeg ik graag. Maar dat is wat anders. Maar ik zie de logica niet om hem de dispensatie te geven. Maar als we zeggen dat we midden in het seizoen de regels gaan veranderen, dan vind ik niet dat dat zo hoort."

Dispensaasje

In oare mooglikheid soe noch wêze dat Anema dispensaasje krije soe fan de KNSB om him sa wol ta te litten op it iis. De Wit neamt dat gjin opsje, om't Anema neffens it reedrydbûn al in kear earder dispensaasje krigen hat.
De Wit: "Als ik vanuit de bond en mijn rol nog een keer dispensatie ga geven, dan krijgen we allerlei precedenten en ik denk dat we daar niet naartoe moeten willen met elkaar."
Nei it NK ôfstannen sille de beide partijen wer mei-inoar om tafel. Dat hoecht yn de eagen fan Anema net yngewikkeld te wurden. "Mei Remy en Jurre Trouw (dy't giet oer de opliedings binnen de KNSB, red.) bin ik it eins folslein iens. Mar se doarre net, om wat foar reden ek. Ik tink dat it úteinlik in stoarm yn in glês wetter is. Wy sitte te ticht byinoar kwa miening."

Anema wol wer op it iis

De Wit freget om rêst oant nei it NK. "Daar moeten we ons op focussen en dan gaan we daarna met elkaar om tafel om te kijken hoe we het met elkaar kunnen oplossen."
De lêste trije wedstriden fan it seizoen (twa wrâldbekers en it WK ôfstannen) mei Anema wol gewoan op de krusing stean. It ynternasjonale reedrydbûn ISU hantearret nammentlik oare regels. "De ISU fynt my heech kwalifisearre", seit Anema mei in knypeach.