Der komt in boek oer Gebr. Visser, in begryp yn de ambulânsewrâld

Bert Visser by de Mercedes Dora út 1961 © Omrop Fryslân, René Koster
"De ambulânsen sa't de bruorren Visser dy yn Ljouwert troch de jierren hinne boud hawwe, sjoch ik as histoarysk erfgoed. Dat is de muoite wurdich om te bewarjen", fynt Bert Visser oer it wurk fan syn foarfaars.
Der wurde op dit stuit sa'n 6.000 foto's digitalisearre. Dy moatte de basis foarmje foar in boek dat der oer in jier as wat lizze moat. In museum is der no al. Yn Oldemarkt steane 13 ambulânsen dy't ea yn de wurkpleats fan de Gebroeders Visser yn Ljouwert boud waarden.
It bedriuw fynt syn oarsprong yn de weinmakkerij. "Us oerpake wie dêr altyd al kreatyf yn", fertelt Visser. "Hy wurke faak nachts, want dan koe der it stikkene ark fan boeren meitsje, sa't dy it de oare deis wer brûke koene."
Yn it museum binne, njonken de ambulânsen, ek in boerewein en sjees út de tiid fan de weinmakkers útstald.
Gebr. Visser © Eigen foto
De oergong nei de bou fan medyske auto's waard nei de oarloch makke. Trije bruorren Visser namen it bedriuw doe oer fan harren heit. It Reade Krús krege hat om in spesjale brankaar te ûntwikkeljen.

De measte sike-auto's fan Visser

Al gau dêrnei waarden ek auto's omboud foar pasjinteferfier, dêr't dy brankaar maklik yn te skowen wie. Dêrnjonken makken se by de Gebr. Visser ek lykweinen en spesjale bussen foar de röntgenûndersyk en de skoalle-toskedokter.
Mar de klam lei op de bou fan sike-auto's, op basis fan besteande auto's. Dy kamen dan as healfabrikaat nei Ljouwert en waarden dêr ôfboud as ambulânse. Dat gie sa goed, dat yn de jierren '90 sa'n 90 persint fan de ambulânsen yn Nederlân fan de Gebr. Visser wie.
Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende petearen. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn. Mei in soad omtinken foar natuer, kultuer en skiednis. De doarren fan it Buro binne sneins iepen fan 11.00 oant 13.00 oere op de radio. Sneintejûn om 21.00 oere wurdt it programma werhelle.
Visser Carroseriehal © Eigen foto
Sûnt 1994 sit de famylje Visser sels net mear yn it bedriuw, al draacht it noch altyd wol dy namme. Visser waard in dochterûndernimming fan de Dútske brânwachtautobouwer Ziegler.
Ziegler is yntusken ek wer oernaam troch in Sineesk bedriuw. Dêroer waard koartlyn noch op heech nivo praat, want der wurde hjoed-de-dei ek militêre weinen by Visser makke, sa soe mooglik gefoelige militêre ynformaasje yn Sineeske hannen komme kinne.
De reportaazje fan Buro de Vries
It docht Bert Visser goed dat de namme Visser noch altyd brûkt wurdt en ek in begryp is yn de ambulânsewrâld. Hy komt ek noch geregeld by it bedriuw, dêr't dus al lang gjin formele bannen mear mei binne. Mar de histoaryske bannen bliuwe.
Wa't noch ferhalen, anekdoaten, foto's of oar materiaal hat út de skiednis fan Gebr. Visser dat foar it museum of it boek nijsgjirrich is, kin dat trochjaan fia dizze webside.