Twa drankriders yn Kollumersweach oppakt, dy't beiden wegeren mei te wurkjen

© ANP
De plysje hat by kontrôlen yn it noardeasten fan de provinsje meardere minsken oanholden. In ynwenner fan Kollumersweach ried sûnder rydbewiis en wie ûnder ynfloed, lyk as in Surhústerfeanster dy't besocht út te naaien.
De man fan Kollumersweach waard om 18.30 oere hinne oanhâlden op de Triemsterloane yn it doarp. Yn 't earstoan wegere hy de autodoar te iepenjen, mar úteinlik wurke de man mei.
Nei in blaastest waard dúdlik dat er krekt wat tefolle dronken hie, mar ek dat er gjin jildich rydbewiis mear hie. Fiif jier lyn wie er dat kwytrekke om't er in kursus fan it CBR oer drankriden net ôfmakke hie. De man wie dus al ris earder foar drankriden oppakt. Der is proses-ferbaal opmakke.

Begjinnend bestjoerder naait út

Letter yn de nacht is der ek in man út Surhústerfean oanhâlden. Hy negearre om 04.30 oere hinne in stopteken fan de plysje, wêrnei't er besocht út te naaien. De man hie rûzje hân yn Feankleaster.
De man fan 23 jier is in begjinnend bestjoerder en besocht mei hege snelheid oan de plysje te ûntkommen. Op de Foarwei yn Kollumersweach skeat er in hiem op en die er de doarren fan de auto op slot.
De plysje koe him úteinlik oanhâlde, doe die bliken dat er trije kear safolle dronken hie as dat mocht. De man moat him by it CBR melde foar in ferplicht ûndersyk nei alkoholgebrûk en hy hat syn rydbewiis ynleverje moatten.