Tankstasjon yn Beetstersweach oerfallen, plysje siket twa manlju

© Srfotografie
It Shell-tankstasjon oan de Hoofdstraat yn Beetstersweach is sneontejûn oerfallen. It is noch net dúdlik oft der ek wat bút makke is. Neffens de plysje is der gjinien ferwûne rekke by de oerfal.
Twa fertochten binne útnaaid. De plysje hat in oprop dien fia Burgernet wêryn't se op syk binne nei twa manlju. Ien mei in trui mei wite strepen derop en in twadde mei swarte klean en in swarte mûtse.