Femke Kok mei kampioenskipsrekôr nei Nederlânske titel op 500 meter

Femke Kok is sneontemiddei yn Thialf op It Hearrenfean foar de twadde kear yn har karriêre Nederlânsk kampioen op de 500 meter wurden. Dêrmei hat se har ek fuortendaliks pleatst foar it WK ôfstannen.
It sulver gie nei Jutta Leerdam, dy't ferline jier noch de kampioene waard. Michelle de Jong fan Rottum pakte it brûns.
Femke Kok waard sneon foar de twadde kear Nederlânsk kampioen op de 500 meter
Kok fan Nij Beets ried op de earste 500 meter in nij kampioenskipsrekôr fan 37,48. Dêrmei wie se direkt al sa goed as wis fan in ticket foar it WK, om't de trije froulju mei de fluchste tiid harren dêrfoar pleatse.
Michelle de Jong pakte brûns op de 500 meter op it NK Ofstannen
Nei ien rit stie ek De Jong fan Rottum al op de nominaasje foar dat toernoai. Sy ried de twadde tiid mei 37,65. Marrit Fledderus moast mei in fjirde plak yn 37,84 noch oan de bak yn de twadde omloop. Jutta Leerdam wie mei 37,80 krekt wat flugger.
Fledderus falt derbûten
Fledderus koe harsels yn de twadde 500 meter lykwols net ferbetterje. Dêrtroch wie ek De Jong foar har race yn de lêste rit al wis fan in WK-plak. Leerdam gie wol in stik flugger mei 37,53.
Marrit Fledderus einige krekt njonken it poadium op de 500 meter by de NK Ofstannen
Dêrtroch hie Kok yn de lêste rit 37,88 nedich om de titel te pakken. Dêr slagge se mei 37,64 yn. De Jong moast mei 37,74 belies jaan op Leerdam, mar pakte noch wol it brûns. Fledderus foel mei it fjirde plak krekt bûten it poadium.
De oare Friezinnen, Helga Drost fan Akkrum, Anna Boersma fan Sint Nyk, Jildou Hoekstra fan Jislum en Amber Duizendstraal fan Ljouwert kamen net yn de buert fan it poadium.
Utslach 500 meter
Rydster | Earste 500m | Twadde 500m | Totaal |
1. Femke Kok | 37,48 (KR) | 37,64 | 75.120 |
2. Jutta Leerdam | 37,80 | 37,53 | 75.330 |
3. Michelle de Jong | 37,65 | 37,74 | 75.390 |
4. Marrit Fledderus | 37,84 | 37,89 | 75.730 |
5. Naomi Verkerk | 38,00 | 38,09 | 76.090 |
7. Helga Drost | 38,33 | 38,15 | 76.480 |
13. Anna Boersma | 38,82 | 38,70 | 77.520 |
14. Jildou Hoekstra | 38,70 | 39,12 | 77.820 |
16. Amber Duizendstraal | 39,27 | 39,59 | 78.860 |