Wagenborg skrast wer feartsjinsten nei It Amelân fanwege ûnfeilige fargeul

Ien fan de fearboaten tusken Holwert en It Amelân © ANP
Wagenborg skrast snein en moandei ferskate feartsjinsten tusken It Amelân en Holwert. Dat hat te krijen mei de fargeul, dy't neffens de rederij net feilich genôch befearn wurde kin.
It giet sneon om de ôffearten fan 15.00 oere fan It Amelân ôf en 16.00 oere fan Holwert ôf. Der wurdt oan wurke om de tsjinstregeling nei 17.00 oere wer gewoan farre te litten. Wagenborg nimt kontakt op mei de passazjiers dy't reservearre hiene foar de ôffearten en biedt ekskuzen oan.
Moandei giet it om de de ôffearten fan 16.00 oere fan Holwert ôf en 17.00 oere fan It Amelân ôf. De feartsjinst wurdt nei 18.00 oere fan Holwert ôf wer oppakt. Ek by de sneltsjinst ferfalle ritten, dat giet om 16.15 oere fan Holwert ôf en 16.45 oere fan It Amelân ôf. Om 17.30 oere moat ek dy tsjinstregeling wer oppakt wurde.
De problemen mei de fargeul spylje al langer. De boel sliket ticht en de sydkanten fan de fargeul binne net stabyl genôch. De farrûte stiet bot ûnder druk, Wagenborg is al oerstapt op ienrjochtingsferkear. Om boaten farre te litten moat der genôch wetter stean en moat de fargeul djip en breed genôch wêze.