Rijpma-de Jong foar de twadde kear Nederlânsk kampioen op 1.500 meter

Antoinette Rijpma-de Jong (argyf) © Orange Pictures
Antoinette Rijpma-de Jong is freedtejûn foar de twadde kear yn har karriêre Nederlânsk kampioen wurden op de 1.500 meter. Yn Thialf op It Hearrenfean kaam se ta in tiid fan 1.55,21.
Marijke Groenewoud pakte it sulver en it brûns gie nei Jutta Leerdam. De poadiumplakken jouwe nei alle gedachten rjocht op in startplak op it WK ôfstannen. Dat wurdt yn maart ferriden yn Thialf. Der wie dêrom in fûle striid om in plak by de earste trije.
Groenewoud wie mei noch ien rit te gean al wis fan in poadiumplak. De Hallumse wie yn har rit mei 1.58,38 ien hûndertste flugger as Jutta Leerdam, dy't op dat stuit noch oan de lieding gie.
Yn de lêste rit gie Rijpma-De Jong dêr noch flink ûnder. Yn har rit tsjin Joy Beune gie it oant it lêst lykop, mar de slotronde fan Rijpma-de Jong wie better en dêrmei pakte se de titel.

De Boer wurdt sechsde

Sanne Westra fan Drachten ried freedtejûn foar it earst op it NK ôfstannen. Om de prizen koe de 19-jierrige reedrydster noch net meidwaan. Se waard 14e yn 2.02,85.
De Friezinnen Myrthe de Boer (1.57,79), Reina Anema (1.58,89) en Kim Talsma (2.02,30) wienen wol rapper as Westra, mar wienen net goed genôch foar it poadium.

Utslach 1.500 meter

1. Antoinette Rijpma-de Jong 1.55,21
2. Marijke Groenewoud 1.55,38
3. Jutta Leerdam 1.55,39
4. Joy Beune 1.55,78
5. Elisa Dul 1.57,48
6. Myrthe de Boer 1.57,79
9. Reina Anema 1.58,89
12. Kim Talsma 2.02,30
14. Sanne Westra 2.02,85