Bergsma sa goed as wis fan WK nei tolfde NK-medalje op 5.000 meter

Jorrit Bergsma hat freedtejûn in brûnzen medalje wûn by it NK ôfstannen op de 5.000 meter. Dêrmei hat er him sa goed as wis pleatst foar it WK ôfstannen yn Thialf letter dit seizoen.
Bergsma ried yn de lêste rit tsjin Marcel Bosker. Doe hie Patrick Roest mei 6.08,77 al in hiele goeie tiid delset, de tsiende tiid ea riden yn Thialf.
Grutte doel fan de Fries wie lykwols pleatsing foar it WK, dêrfoar moast er flugger wêze as Beau Snellink yn de rit foar him. Mei 6.17,85 wie dat foar Bergsma gjin tiid om fan te skrikken.
Al nei in pear ronden wie dúdlik dat Bosker en Bergsma harren skema ek ynsteld hienen op it twadde en tredde plak. Dêr slaggen beide manlju ienfâldich yn.
Bosker (6.12,95) wie nei in einsprint krekt wat rapper as Bergsma (6.13,37) en pakte it sulver. It is de tolfde kear dat Bergsma op it poadium stiet op dizze ôfstân by it NK.
Debutant
De 20-jierrige Mathijs van Zwieten debutearre freedtejûn op it NK ôfstannen. De reedrider fan Lúnbert einige mei 6.43,00 yn de efterhoede.
Ek Gert Wierda fan Burdaard en Marwin Talsma fan Grou kamen net yn de buert fan it poadium.
Jorrit Bergsma is net skrokken fan it ferskil mei winner Patrick Roest
Utslach 5.000 meter
1. Patrick Roest | 6.08,77 |
2. Marcel Bosker | 6.12,95 |
3. Jorrit Bergsma | 6.13,37 |
4. Beau Snellink | 6.17,85 |
5. Kars Jansman | 6.21,35 |
9. Gert Wierda | 6.27,60 |
11. Marwin Talsma | 6.29,39 |
14. Mathijs van Zwieten | 6.43,00 |
Op de 500 meter by de manlju stie mar ien Fries oan de start: Rem de Hair fan De Jouwer. Mei 35,58 en 35,46 einige er yn it rjochterrychje, al wie it foar De Hair wol twa kear in PR.
De Nederlânske titel gie nei Merijn Scheperkamp. Hein Otterspeer pakte it sulver en it brûns wie foar Stefan Westenbroek. Foar de pleatsing foar it WK jilde lykwols net it klassemint, mar de fluchste trije 500 meters. Dy kamen op namme fan Scheperkamp (34,61), Dai Dai N'tab (34,89) en Otterspeer (34,91).
Utslach 500 meter
Earste 500m | Twadde 500m | Totaal | |
1. Merijn Scheperkamp | 34,61 | 34,81 | 69,42 |
2. Hein Otterspeer | 34,91 | 35,04 | 69,95 |
3. Stefan Westenbroek | 35,04 | 34,93 | 69.97 |
4. Janno Botman | 34,96 | 35,03 | 69,99 |
5. Dai Dai N'tab | 34,89 | 35,28 | 70,17 |
12. Rem de Hair | 35,58 (PR) | 35,46 (PR) | 71,04 |