Fragen yn Eaststellingwerf oer achterbliuwende nijbou

De fraksje fan OoststellingwerfsBelang wol witte oft de CBS-sifers oer nijbou wol doge. Fan alle gemeenten kamen der yn Eaststellingwerf it ôfrûne jier yn ferhâlding de minste nijbouhûzen by.
Yn hiel Fryslân waarden ferline jier 2.258 nijbouhûzen oplevere, makke it CBS earder dizze wike bekend. Mar 26 dêrfan waarden boud yn Eaststellingwerf.
OoststellingwerfsBelang freget de ferantwurdlik wethâlder om in reaksje wêrom't der mar sa'n bytsje hûzen boud binne. "Kan de wethouder alle nodige ondersteuning bieden om stagnatie van de woningbouw de komende jaren te voorkomen?"