Sportklup Hearrenfean wol de meast sirkulêre klup fan it lân wurde

It Abe Lenstra Stadion © ANP
De meast sirkulêre klup fan it lân wurde, dy ambysje hat sc Hearrenfean himsels steld. Om dat krêft by te setten, is de stichting Samen Circulair Heerenveen oprjochte.
De broadsjes kroket yn it skoft sille noch net fuort ferdwine en der komt ek gjin wynturbine njonken it stadion, mar de stichting siket wol út op hokker wize sc Hearrenfean ferduorsumje kin.
"It giet benammen oer duorsume enerzjy, mobiliteit en ôffalstreamen. Dêr binne se by Hearrenfean al jierren op in goede wize mei dwaande. Wy hawwe in stichting oprjochte om dat mei it bedriuwslibben en de klup nei in heger plan te bringen", seit kertiermakker Jan Willem Sietsma.

Ynspiraasje út Ingelân

De ynspiraasje komt fan de Ingelske fuotbalklup Forest Green Rovers. Dy klup hat it stadion ekologysk ferbettere, it menu is feganistysk en de spilersbus is elektrysk. De klup is no folslein CO2-neutraal.
Sa fier is it by sc Hearrenfean noch net. Wol wurdt der neitocht oer it ophâlden mei it brûken fan keunstdong, it oanskaffen fan in miljeufreonlike spilersbus en it pleatsen fan sinnepanielen.
De broadsjes kroket ferdwine foarearst noch net. "Ik bin sels in fleisiter, mar as je it oer sûnens hawwe wolle en de stap meitsje wolle nei sirkulêre ekonomy, dan moatte je wol oer dit soart saken prate. It stiet no net op it programma by Hearrenfean, mar it kin bêst wêze dat it de kommende jierren wol ta diskusje steld wurdt.
De stichting hat bewust keazen om de gearwurking oan te gean mei in fuotbalklup. "Wy hawwe kontakten mei âld-Hearrenfeanspiler Morten Thorsby. Dy hat ek in stichting oprjochte, de We Play Green Foundation. Ien fan de ambassadeurs is Marcelo, dy hat 60 miljoen folgers op social media. As dy wat yn de wrâld bringt, hat it mear ympakt as wannear't Jan Willem Sietsma wat seit."