Formule 1-koereur Nyck de Vries wint koart pleit tsjin fêstgoedmiljonêr

Autokoereur Nyck de Vries hat gelyk krigen fan de rjochter yn it koart pleit dat oanspand wie troch fêstgoedmiljonêr Jeroen Schothorst. De Formule 1-koereur hoecht it bedriuw fan Schothorst gjin ynsicht te jaan yn syn kontrakten en ynkomsten.
De Vries liende yn 2018 250.000 euro fan Schothorst, sa docht bliken út prosesstikken dy't it Financieel Dagblad koartlyn ynsjoen hat. De fêstgoedmiljonêr rekkene dêrfoar 3 persint rinte yn it jier, mei dêrboppe-op in ôfdracht fan 50 persint fan de (fariabele) ynkomsten dy't De Vries fertsjinje soe mei syn Formule 1-relatearre aktiviteiten.
De Fryske koereur moast dêroer Schothorst periodyk ynljochtsje. De liening soe frijskat wurde as De Vries yn 2022 noch gjin Formule 1-koereur wie. Oer dat lêste wiene beide partijen it net iens.
De Vries wie al test- en reserverider en debutearre yn de Grutte Priis fan Italië. Dêrom fûn Schothorst dat er ek mei betrekking oant 2022 noch oanspraak meitsje koe op de helte fan de ynkomsten fan de AlphaTauri-rider. De rjochter is it dêr dus net mei iens.