Boeten en warskôgingen foar bedriuwen op Ljouwerter Fliet nei plysje-aksje

Ferline jier die de plysje al sa'n soart aksje op it Fliet © Kappers Media
De plysje hat tongersdei in aksje tsjin 'ondermijnende criminaliteit' útfierd yn de Flietsône yn Ljouwert. Dêrby ha ferskate bedriuwen in warskôging of in boete krigen.
Op meardere lokaasjes yn it Fliet binne strafbere feiten fêststeld. Dêrby giet it om bedriuwen dy't har net holden oan de bou- en miljeuwetjouwing, hoarekawetjouwing, aksynswetjouwing, de arbeidswet, de wet minimumlean en de hygiënewetjouwing.
Trije bedriuwen ha heard dat se in boete krije. De hichte dêrfan moat noch fêststeld wurde. Dat hinget der bygelyks fan ôf oft it bedriuw noch faker flaters makket. Twa oare bedriuwen krigen in warskôging.
De plysje fierde de aksje yn gearwurking mei de gemeente, hanthavening, dûane en de arbeidsynspeksje út.