Burgumse Leonie Bentveld (18) wint goud op nij ûnderdiel WK fjildriden

Nederlân mei de reinbôgetrui, Leonie Bentveld stiet rjochtsfoar © ANP
Fjildrydster Leonie Bentveld út Burgum hat mei de estafetteploech goud pakt op it WK yn Hoogerheide. De 18-jierrige Bentveld wie ien fan de seis riders yn it Nederlânske team.
De estafette, of 'team relay', is in nij ûnderdiel op it WK: elk lid fan de estafetteploech rydt ien rûntsje op it swiere parkoers yn Noard-Brabân en de rapste ploech pakt it goud.
De teams besteane út trije manlju en trije froulju út ferskate kategoryen. Ferline jier waard it ûnderdiel ek al ferriden, mar doe noch as test. Nederlân die doe net mei.
Dit jier dus wol: njonken Bentveld sieten Tibor del Grosso, Guus van den Eijnden, Lauren Molengraaf, Fem van Empel en Ryan Kamp yn de Nederlânske ploech. Sy wienen rapper as ûnder oare Grut-Brittannië, dat twadde waard, en België, dat it brûns pakte.
Kommende snein rydt Bentveld noch har yndividuele wedstriid op it WK foar beloften.