Sympoasium yn Nij Smellinghe op Wereld Kankerdag: "Libje nei kanker sjocht der oars út"

Sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten © Omrop Fryslân
It is sneon Wrâld Kankerdei. Yn sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten organisearje Oncologisch Netwerk Friesland en De Skulp in sympoasium mei it tema 'in bettere kwaliteit fan libben mei en nei kanker'.
By it sympoasium jouwe dokters, eksperts en ûnderfiningssaakkundigen presintaasjes. Under mear oer wurgens by de sykte. Sawol op fysyk as mentaal flak. Fierder binne der standsjes en koaren yn de oansletten sikehûzen.
Njonken Nij Smellinghe giet it om Antonius Sikehûs yn Snits en Emmeloord, it MCL yn Ljouwert en sikehûs Tjongerschans op It Hearrenfean.

Regy weromkrije

Annie Adema is ek presint. Sy is remissycoach. Sa'n coach begeliedt minsken ûnder en nei it trajekt. "Op dy wize helpe we harren de rezjy werom te krijen, fearkrêft sjen te litten en it libben wer op te pakken", seit se. "Want je libben nei kanker sjocht der hiel oars út. Under de sykte wurdst libbe. Dêrnei begjint de ferwurking. Dat ferjitte minsken wolris."
Yn Fryslân krigen yn 2022 4.990 minsken in diagnoaze kanker.
Dat oantal is hast gelyk oan it jier derfoar. Hjirûnder de meast foarkommende kankersoarten yn Fryslân:
- Hûdkanker: 990 nije pasjinten
- Boarstkanker: 630 nije pasjinten
- Prostaatkanker: 600 nije pasjinten
- Longkanker: 530 nije pasjinten
- Termkanker: 500 nije pasjinten
Guon sitte net perfoarst ferlegen om advys, neffens Adema. Sy hawwe benammen ferlet om mei ien yn petear te kinnen. "Dy groep wol har ferhaal kwyt, dat der ien lústeret."
Elkenien dy't him opjaan wol foar it sympoasium, kin him oanmelde fia deskulp.nl.