Witte jo wa't dizze listlûker is?

Yn Grou en Akkrum binne de listlûkers foar de Steateferkiezingen noch net by elkenien bekend
Fryslân giet op 15 maart nei de stimbus foar de Provinsjale Steateferkiezingen. Hjoed wurde de kandidatelisten fan de ferskate partijen definityf fêststeld, mar hoe bekend binne de listlûkers?
Omrop Fryslân gong yn Grou en Akkrum de strjitte op om út te sykjen oft de listlûkers al werkend wurde. Konklúzje: dat falt noch net ta. Gelokkich ha de kiezers en listlûkers noch in lytse seis wiken om mei elkoar yn 'e kunde te kommen.
Sjoch foar mear ferkiezingsnijs op ús dossierpagina.