HEA! Fleis op 'e dyk
HEA! Fleis op 'e dyk
De ien is op 'e fyts en de oare te draven. Sa moetsje Trees en Mirjam inoar op 'e dyk tusken Mantgum en Jorwert. Trees is ûnderweis nei de slachter, en sa komt it petear op fleis.
By Trees thús stiet der alle dagen wol fleis op 'e tafel, by Mirjam wurdt ek wol fegetarysk iten. Har dochter wie oant koartlyn fegetariër, mar is dêr no wer mei ophâlden. En no is de gewoante bleaun om in tal dagen yn 'e wike net mear fleis te iten. Dat foldocht Mirjam wol, al hat se der net hiel bot in idealistyske motivaasje by.