In skop ûnder de kont is it geheim fan Marijke Groenewoud har sukses

Marijke Groenewoud © Omrop Fryslân
Stapke foar stapke krûpt Marijke Groenewoud nei de wrâldtop fan it reedriden. By it Nederlânsk kampioenskip dit wykein hopet se har op minimaal fjouwer ôfstannen te pleatsen foar it WK begjin maart.
Se is mei har felblonde hier net te missen yn de blauwe trein fan Albert Heijn Zaanlander, dy't op it iis fan Thialf oan it trainen is. Mei tsien medaljes by ferskate wedstriden is it oant no ta in moai reedrydjier foar Marijke Groenewoud. "It giet hiel goed. Ik ha de opgeande line te pakken sûnt it begjin fan it seizoen."
Har opfallendste resultaten oant no ta dizze winter binne it sulver op it NK allround en it brûns op it EK allround.
Dy twa medaljes meitsje Groenewoud fuortendaliks ek hongerich. Want it binne twadde en tredde plakken. "En dy ha ik wol genôch hân dit jier. Ik wol nei it heechste treetsje ta en dêr moat de lêste stap noch foar set wurde", fertelt de Hallumse.

Gjin ferrassing

Se krijt dêrby help fan âld-reedrider Arjan Samplonius, dy't no alwer jierren coach is by de ploech fan Jillert Anema. Ek hy is bot te sprekken oer de ûntwikkeling fan harren pupil. "Dy koe wol wat minder. Nee, dat is gekheid. It giet hartstikke best. Se makket eltse kear wer stappen", seit Samplonius.
De goeie prestaasjes fan dit seizoen komme net út de loft fallen. Sa helle Groenewoud foarich jier ek al de Olympyske Spelen, dêr't se fiifde waard op de 1.500 meter. "Dit jier bewiist se dat foarich jier gjin útsjitter wie, mar dat dat har nivo is", seit Samplonius.
Wat is it geheim fan Marijke Groenewoud, dy't dit jier better liket as ea?
Groenewoud sit goed op har plak by de ploech. Net foar neat ferlinge se har kontrakt koartlyn oant en mei de Olympyske Spelen fan 2026. "It is myn fiifde jier by Jillert (Anema, red.), mar pas foarich jier ha ik in stap set op de langebaan. Dêrfoar siet ik yn de middenmoat, mar sûnt foarich jier by de top."
In antwurd op de fraach hoe't it it kin dat it no sa goed giet, hat Groenewoud net. "Gewoan hurd traine. Ik ha fierder gjin geheimen dus soe net witte wat it oars wêze moat", seit de 24-jierrige reedrydster. Samplonius hat wol in idee. "We ha wat mear omfang draaid. Foar har hat dat hiel goed útpakt."
Al makket de reedrydcoach dêrby wol in kanttekening. "Mar ik tink dat se yn alle oare gefallen dat stapke ek makke hie. Want se rydt better en der sit wat mear fanatisme yn de trainings. Dat komt trochdat se foarich jier sjoen hat dat se best ticht yn de buert sit."
Ik ha somtiden in skop ûnder de kont nedich om't ik te maklik bin foar mysels.
Marijke Groenewoud
It is net fanselssprekkend dat der mear fanatisme yn de training sit, fertelt Samplonius. "Wy twinge har har bêst te dwaan, want se hat de 'neiging' wat laks te wêzen mei it flugge wurk. As we dat net dogge, begjint se te laitsjen en rydt se lekker rêstich har rûntsjes."
Yn dy wurden herkent Groenewoud har wol. "Ik kin ek wol hurd foar mysels wêze, mar ik bin ek wol faak in makliken ien. Dan skoppe se my ûnder de kont en dan doch ik it wol. Ik ha somtiden in skop ûnder de kont nedich om't ik te maklik bin foar mysels."
Mar der is noch hoop foar Samplonius en de oare coaches, sa fertelt Groenewoud. "Froeger wie it folle slimmer, dus it is al wol ferbettere. Miskien wurdt it noch wol better de kommende jierren."
Arjan Samplonius (links) neist Jillert Anema © Orange Pictures
It wurdt in drok wykein foar Groenewoud, dy't op it NK fjouwer ôfstannen rydt. Se hat twa doelen: meidwaan om de Nederlânske titel én har pleatse foar it WK ôfstannen. Dêrfoar moat se op de measte ôfstannen by de bêste trije einigje.
Utsein op de 5.000 meter. Dêrop gean allinnich de bêste twa nei it WK. "Dat sil de muoilikste wêze", tinkt Groenewoud. In goeie moanne lyn ried se pas har earste 5.000 meter, mar dat priuwt nei mear. "Dêrtroch krige ik fertrouwen dat ik my pleatse kin foar it WK."
It Nederlânsk kampioenskip ôfstannen yn Thialf begjint freedtejûn. Marijke Groenewoud rydt dan de 1.500 meter. Sneon komt se yn aksje op de 3.000 meter en snein op de 5.000 meter en de massastart. Omrop Fryslân docht it hiele wykein ferslach fan it NK ôfstannen.
Kieze tusken pleatse foar it WK of in Nederlânske titel pakke, is neffens Groenewoud net sa dreech. "Dan kies ik foar kampioen wurde, want dan pleats ik my ek automatysk foar it WK", laket se.
Neffens Samplonius lizze der serieuze mooglikheden foar Groenewoud om foar it earst yn har karriêre Nederlânsk kampioen te wurden op in ôfstân. "Normaal sprutsen docht se mei om de prizen. En dan is it te hoopjen dat it de goeie kant op falt."