Iepenbier Ministearje easket acht jier sel en tbs tsjin Iraniër foar stekpartij yn Ljouwert

Ofsetting nei de stekpartij yn 2020 © AS Media
It Iepenbier Ministearje hat yn heger berop 8 jier sel en tbs mei twangferpleging easke tsjin in Iraniër dy't in lângenoat delstuts op it Stasjonsplein yn Ljouwert.
It ynsidint hie plak op 19 juny 2020. It 65-jierrige slachtoffer waard midden op de dei 22 kear stutsen. Hy oerlibbe de stekpartij mar krekt, mar rekke wol ferwûne oan syn holle, boarst en earm.
Neffens it slachtoffer hannele de fertochte yn opdracht fan it Iraanske regear. De Ljouwerter fan 65 jier wennet sûnt 1985 yn Nederlân en wie eartiids foarsitter fan de Koerdische Democratische Partij Iran (KPDI). Dy partij is ferbean yn Iran.
Yn 2021 lei de rjochtbank de fertochte 12 jier selstraf op. De man gie dêr tsjin yn berop. De fraach is yn hoefier't it barren de fertochte oan te rekkenjen falt. It Iepenbier Ministearje fynt dat dit foar in part wol it gefal is en easket dêrom 8 jier sel en tbs mei twangferpleging.
De ferdigening fynt dat de fertochte net tarekkenber is.