Oanwinst Sahraoui wit al fan skiednis sc Hearrenfean: "Miskien wurd ik likegoed as Abe"

Osame Sahraoui is noch mar krekt by sc Hearrenfean, mar hat al wat leard oer de klup. "Se ha my wat ferteld oer it stadion en oer de namme dêrfan. Miskien wurd ik ea sa goed as him en nim ik syn plak yn", seit Sahraoui oer Abe Lenstra.
De Noarske oanfaller nuansearret syn wurden direkt. "Miskien gean ik wat te fluch, mar ik sil myn bêst dwaan."
It seit wat oer it iepen karakter fan Sahraoui. By de presintaasje is hy in fleurige jonge, dy't benammen hiel bliid is mei syn nije klup. "It projekt Hearrenfean past goed by my. De klup hie my al lang op de radar. Ik bin echt bliid hjir te wêzen."
De les oer it Abe Lenstra Stadion is net it iennige wat hy leard hat oer de klup: "Ik ha ek heard dat Hearrenfean in frijwilligersklup is. Dat minsken de klup graach helpe."
Cambuur betelle net genôch foar Sahraoui
Sahraoui tekenet no in kontrakt oant 2026 by sportklup Hearrenfean, mar yn de simmer hie SC Cambuur ynteresse yn de Noar. "It wie yn augustus, tink ik. Se wiene ynteressearre yn my en woene my keapje. Ik nim eltse opsje serieus. It makket net út hokker klup it is, mar it jild kaam net op de tafel. It wie net genôch foar myn âlde klup. Ik bin bliid dat ik oant jannewaris wachte ha en dat ik lang om let hjir bin."
Yn augustus gie it geroft dat Sahraoui al yn Ljouwert sjoen wie. Op it socialmediaplatfoarm Snapchat wie in foto te sjen wêrop't hy yn it Cambuurstadion wêze soe. "Ik ha it sjoen, ja", seit Sahraoui laitsjend. "Der wiene geroften dat ik dêr wie, mar dat wie net echt. Dat wie 'fake news'. Ik doch myn Snapchatlokaasje altyd út."
Osame Sahraoui oer wêrom't hy tekene hat by sc Hearrenfean
Op de fraach watfoar type spiler Sahraoui is, jout hy yn earste ynstânsje in atypysk antwurd. "Ik praat leaver net oer mysels, mar Ik mei graach hurd wurkje. Ik wol de bal graach ha en mei graach dribbelje. Mei myn assists wol ik wat bydrage. Hearrenfean spilet oanfallend en dêr bin ik bliid mei."
Marokko of Noarwegen
Sahraoui is berne yn Oslo en syn âlders komme út Marokko. Hy spile foar beide lannen. "Ik ha foar jong Noarwegen en foar Marokkaanske jeugdteams spile. Ik kin noch altyd kieze."
It spul fan Sahraoui docht in bytsje tinken oan in spiler dy't ek ea de transfer fan Vålerenga IF nei sc Hearrenfean makke, Chidera Ejuke. "Ik ha mei Chiddy spile. Hy is in fantastyske jonge en in noch bettere spiler. Om my mei him te ferlykjen, is miskien wat gefaarlik. Mar ik kin sizze dat ik Osame Sahraoui bin en ik hoopje dat it publyk krekt sa folle fan my hâlde sil as fan Ejuke."
Anas Tahiri is ek Marokkaansk en spile wedstriden foar Marokko ûnder de 23. Fierder spile Marokkaansk ynternasjonal Hakim Ziyech yn it ferline by Hearrenfean, mar wit Sahraoui wol wa't de lêste Marokkaanske linksbûten is dy't furoare makke by sc Hearrenfean?
"Ik tink dat ik wit wa'tsto bedoelst: Oussama Assaidi. Hy gie dêrnei nei Liverpool, grutte skuon om te foljen."