Rjochter: Ryksuniversiteit Grins mei komplotdosint Andringa dien jaan

Tjeerd Andringa © Omrop Fryslân
De Ryksuniversiteit Grins (RUG) mei it kontrakt ûntbine fan Tjeerd Andringa, de dosint dy't in jier lyn skorst waard om't er yn syn lessen komplotteoryen ferkundige. Dat hat de rjochter tongersdei bepaald, sa meldt RTV Noord.
Dat de RUG ôfskied nimme wol fan Andringa komt neffens in wurdfierder om't syn wize fan lesjaan net strookt mei akademyske noarmen.
"Over zijn wijze van doceren heeft Andringa zijn opvattingen. Wij hebben ook onze opvattingen. Daar kwamen we niet uit. Vandaar dat we hebben gezegd: laat de rechter hier maar een uitspraak over doen."

'Fijannige sfear by kolleezjes'

Goed in jier lyn waard Andringa skorst, omdat út ûndersyk fan de Ukrant bliken die dat hy yn it fak 'Systems View on Life' komplotteoryen ûnderwiisde én studinten besocht te oertsjûgjen fan eigen alternative wierheden.
Neffens de UKrant wie der yn dizze lessen ek net folle oant gjin romte foar tsjinspraak. Twa studinten dy't it net iens wiene mei it stânpunt dat faksinaasje autisme feroarsaakje soe, waarden troch Andringa teplak set.
"Je moet je opvattingen herzien", soe er tsjin ien fan harren sein hawwe. Wer in oare studint sprekt fan in 'fijannige sfear' by kolleezjes.

Fak skrast nei klacht studint

Andringa krige neffens de universiteitskrante earst in offisjele warskôging, nei't in studint in klacht yntsjinne hat by in fertrouwenspersoan. Dêrnei waard besletten om it fak te skrassen.
Uteinlik is Andringa skorst en is in ûnôfhinklik ferfolchûndersyk ynsteld nei de gong fan saken. Dat rapport is yntusken klear, mar wurdt troch de universiteit net iepenbier makke, sa lit in wurdfierder fan de RUG witte.
Andringa reagearret koart op de útspraak fan de rjochter: "Ik heb nu geen bepaalde reactie. Het is met wederzijdse instemming."