Steatsboskbehear lit stik heide ôfbaarne om effekten natuerbrannen te ûndersykjen

De Duerswâldmer Heide © Omrop Fryslân, Jantine Weidenaar
Steatsboskbehear sil yn de Duerswâldmer Heide ûndersykje wat it effekt fan brân op de fegetaasje is. De natuerbehearder sil dêrfoar in stik fan de heide kontrolearre ôfbaarne litte.
It giet om in gebiet fan in bunder grut. Op dat stik heide ferdriuwt it bjintegers (pijpenstrootje) oare plantesoarten. Troch it ôfbaarnen fan de heide ûntstiet der romte foar de oarre soarten om werom te kommen.
Wannear't it stik heide echt yn de brân giet, hinget ôf fan de waarsomstannichheden. De ûndergrûn moat dweiltrochwiet of beferzen wêze, want oars giet de brân de boaiem yn. Dêrnjonken moat der in drûge wyn út it easten stean.
It is de bedoeling dat de test ein jannewaris, begjin febrewaris útfierd wurdt. Letter yn it jier wurdt de proef nochris werhelle. Dan sil de brânwacht oefenje mei it bestriden fan in natuerbrân. Neffens Steatsboskbehear is der nei in jier neat mear te sjen fan de brannen.