Eaststellingwerf wol boeren psychososjale help oanbiede

Boeren yn Eaststellingwerf moatte tenei psychososjale help fan in agraryske coach krije kinne. It kolleezje wol dêr de kommende trije jier 60.000 euro yn it jier foar útlûke.
Binnen it budzjet fan de WMO is dêr neffens it kolleezje romte foar, sa melde se oan de gemeenteried. Tiisdei wurdt der yn in kommisjegearkomste oer praat.
Undersyk
De gemeenterie hie op 8 novimber yn in moasje frege om te ûndersykjen yn hoefiere oft boeren psychososjale help nedich hawwe, bygelyks nei oanlieding fan alle kommoasje oer de mooglike gefolgen fan de stikstofkrisis.
Dat ûndersyk bestie út ferskate petearen mei ûnder mear boeren en harren partners, bistedokters, húsdokters, lânbou-organisaasje LTO en de provinsje.
Bekend yn sektor
Der is dúdlik wurden dat boeren net of amper oanklopje by reguliere soarch as in gebietsteam of de húsdokter. Dat hat neffens de ûndersikers ûnder mear te krijen mei de ûnbekendheid, dat se net wend binne om help te freegjen, dat se 'gewoan' trochgean sûnder deroer te praten en ferlet oan in petearpartner dy't wit wêr't de boer mei te krijen hat.
Dêrom wol it kolleezje dat de boeren dy't dat wolle help krije fan in profesjoneel coach, dy't ek bekend is binnen de agraryske sektor. "Deze kan dienen als vertrouwenspersoon en ingezet worden voor één gesprek, een doorverwijzing naar het gebiedsteam of zelf een ondersteuningstraject aanbieden", skriuwt it kolleezje.