Ald-politikus Jaap Jelle Feenstra folget Sicko Heldoorn op as foarsitter fan de IFKS

Jaap Jelle Feenstra is de nije foarsitter fan de IFKS. Feenstra folget Sicko Heldoorn op, dy't acht jier it haad wie fan de organisaasje efter de iepen Fryske kampioenskippen skûtsjesilen.
Feenstra is oanjager fan it wâlstroomprogramma fan de Nederlânske seehavens. Fierder is hy ambassadeur fan it Havennetwerk Fryslân.
Foar de PvdA hat Feenstra 12 jier lid west fan de Twadde Keamer. Yn de skûtsjewrâld is Feenstra bekend as bemanningslid op it skûtsje Ulbe Zwaga fan skipper Kees Hermsen.
Feenstra lit witte grutsk en fereare te wêzen mei syn oanstelling as foarsitter.