HEA! Alde rocker Meinte Alkema
HEA! Alde rocker Meinte
Meinte Alkema fan Sondel wol syn eigen ding dwaan en lûkt him net in soad oan fan wat in oar fynt. Hy is eins al mei pensjoen, mar wurket noch trije dagen yn de wike. Syn grutte hobby is syn loads dy't grôtfol stiet mei âld, ridend materieel.
Yn syn frije tiid is er altyd dwaande mei alles wat yn syn loads stiet: âlde auto's en motoaren. Meinte keapet en ferkeapet, mar noch leaver ruilet er of sleutelet er oan syn samling. En alle freeds oefenet de rocker as bassist mei de band Sixpack yn syn loads.