IM easket fiif moannen sel foar 'laffe en lage' berôving 87-jierrige frou yn Drachten

In foarbyld fan in gouden ketting © ANP Foto
It Iepenbier Ministearje hat tongersdei fiif moannen sel easke tsjin in 26-jierrige man foar it berôvjen fan in 87-jierrige frou yn Drachten. De Algerynske man, dy't yn it Drachtster azc wenne, soe dat dien hawwe mei in 16-jierrige jonge.
De man en de jonge makken by de berôving in gouden halsketting bút. Dy ketting hie grutte emosjonele wearde foar de frou, om't se him krigen hie fan har ferstoarne man.
De frou, dy't yn in scootmobyl siet, waard foar de doar fan har flat oan it Van Knobelsdorffplein berôve. Se hie de twa fertochten frege om de doar fan it flatgebou foar har iepen te hâlden. De jonge die de doar iepen, de man lei syn hân op it skouder fan de frou en luts tagelyk de gouden ketten fan har ôf.
It duo waard úteinlik op kamerabylden werkend troch in meiwurker fan it COA.

Spoarleas ferdwûn

De 26-jierrige fertochte wie tongersdei net by de saak oanwêzich. Nei't er út foarriedige hechtenis frijlitten waard, is er spoarleas ferdwûn. De saak fan de minderjierrige fertochte waard efter sletten doarren behannele.
De offisier hie it oer "een heel laf en laag feit". De rjochtbank docht oer twa wiken útspraak.