Opsterlân docht dochs mei oan fergriening: "Groen is fijn en helend"

De stichting Steenbreek set him yn foar fergriening yn doarpen en stêden. Mear grien soarget foar in skjinnere lucht en minder wetteroerlêst by swiere buien. Boppedat is der dan ek mear romte foar fûgels, flinters en oare bisten.
Lang om let hat no ek de gemeente Opsterlân har oansluten. Dat nei oanlieding fan griene ideeën fan bewenners fan De Gordyk. Sûnt 2016 is de stichting Steenbreek dwaande om bygelyks stoeptegels te ferfangen mei túntsjes.
Opsterlân set yn op fergriening
Foaral de beamspegels en de geveltúntsjes koene neffens de doarpelingen ferbettere wurde. Dêr ha se in plan foar skreaun en oan de gemeente foarlein. "We zagen kansen in het dorp, om de vaart en de entree van het dorp groener te maken. Zodat het voor bewoners en toeristen groener en mooier wordt", seit Jan van der Wal, ien fan de inisjatyfnimmers.
Dochs gie de gemeente net fuortendaliks mei it plan oan de slach: "De gemeente zei tegen ons: 'Nee, dat gaan wij niet doen. Jullie krijgen geld en dan mag je het zelf uitvoeren'."

Doe't se by de gemeente Opsterlân seagen wat dat opsmite koe, ha se besletten om harren ek oan te sluten by de stichting Steenbreek. Op dy wize kin de fergriening breder ynset wurde. "Yn de doarpen is in protte bebouwing, mei in protte tegels en paden. Eins wolle we it grien wer werom bringe", seit Durk Durksz, wethâlder by Opsterlân.
'Groen is fijn en helend'
Sa'n 70 persint fan de Fryske gemeentes binne yntusken oansletten by stichting Steenbreek. Dy stichting wol mei edukaasje en ferbining it belang fan in griene omjouwing ûnderstreekje. "Het voordeel van de bewustwording is dat mensen zien is dat groen fijn en helend is", seit Nienke Plantinga fan Steenbreek.
Fierder sjocht sy ek in moai njonkeneffekt. "Het roept ook een sociale cohesie op. Mensen leren elkaar weer kennen in de straat, de gemeente komt in contact met haar inwoners."
It leit letterlik ferbiningen, sa sjocht ek inisjatyfnimmer Van der Wal: "Mensen zien dat het mooier kan, dan gaan ze dat samen aanleggen, maar ook samen onderhouden."

Fryslân hat net in soad stedsgebiet, dochs kin ek hjir de fergriening in stik better, fynt Plantinga: "Fryslân is een groene provincie, wij missen alleen wel biodiversiteit."
Sy soe graach ferbettering fan de diversiteit sjen yn de doarpen en stêden, mar ek yn it lanlik gebiet: "Zodat het ook voor het insectenleven en de vogels een interessante provincie wordt."