Tongersdei gjin Arriva-treinen yn Fryslân en tusken Ljouwert en Grins

De trein nei Harns © Omroep Zilt, Lennard Geerts
Der ride tongersdei gjin treinen fan Arriva yn Fryslân en in part fan Grinslân. Dêrtroch moatte reizgers dy't gewoanwei mei it ferfiersbedriuw reizgje rekken hâlde mei in langere reistiid. Bussen ride tongersdei wol gewoan.
De stakingen hawwe net allinnich gefolgen foar minsken dy't binnen de provinsje mei it ferfiersbedriuw reizgje, mar ek foar reizgers tusken Ljouwert en Grins. Dy treinen ride net, en der is ek gjin direkte busline tusken dy stêden.
Staking yn it iepenbier ferfier
"Ik soe mei de trein, mar hy giet net", seit in reizger dy't nei Harns moat. Hy stiet yn Ljouwert en wie net op de hichte fan de staking. "Ik sjoch alle jûnen it nijs en moarns haw ik it der ek noch foar, mar nee. Gjin idee."

Nije stakingen

De wurkjouwers en fakbûnen binne it net iens oer de saken as de hichte fan de leansferheging foar 2023. "Mensen kunnen door de hoge inflatie amper meer rondkomen en door personeelstekort en hoog ziekteverzuim is de werkdruk torenhoog. Daar moet snel wat aan gedaan worden", seit FNV-bestjoerder Edwin Kuiper.
Takom wike binne der wer stakingen. Der sille dan de hiele wike gjin Arriva-treinen ride.
It is rêstich op stasjon Ljouwert © Omrop Fryslân, Jantine Weidenaar