Tal plestik fleskes yn it swalkôffal rint net mear werom

Ynleverpunt foar fleskes © RTV NOF, Lisa Taekema
Sûnt de ynfiering fan it staasjejild op lytse plestik fleskes is it tal fleskes dat yn swalkôffal weromfûn wurdt mei 70 persint weromrûn. It doel fan 90 persint is dêrmei lykwols noch net helle, mar de ôfname stiet stil. Dat skriuwt de NOS op basis fan sifers fan swalkôffalspesjalist Dirk Groot.
By supermerk PLUS Wolters fernimme se de stagnaasje ek. "Wy fernommen dat doe't it staasjejild op de lytse fleskes ynfierd waard, der ek in hiel soad ynlevere waard. Mar de winst siet him benammen yn it begjin", fertelt eigener Jaap Wolters.
"Minsken dy't by it ynfieren fan it staasjejild besletten ha om fleskes yn te leverjen, dogge dat no noch hieltyd. Mar der komme gjin minsken by."

Staasjejild ferheegje

Hy tinkt dat de grutste groep dy't de fleskes net ynleveret de jongerein is. As it staasjejild op de lytse fleskes ferhege wurde soe, soe de motivaasje neffens Wouters heger wurde en mear fleskes ynlevere wurde.
"Ik smyt se no faak gewoan by it jiskefet, útsein as it in protte fleskes binne. Safolle staasjejild sit der ek net op", seit in jonge klant fan de supermerk. It soe him wol oanmoedigje om de fleskes faker yn te leverjen as der mear staasjejild op siet, seit er.