Klaas Fokkinga sjocht trije stopljochten op oranje foar Holwert oan See

De belangstelling foar de steatekommisje yn Holwert wie grut © Omrop Fryslân
It kolleezje fan Deputearre Steaten hat gjin draai makke, mar allinnich konstatearre dat der 'wol trije stopljochten' op oranje stean as it giet om de realisaasje fan Holwert oan See. Dat sei deputearre Klaas Fokkinga woansdeitejûn yn Holwert as ferklearring foar it 'negative advys' dat it kolleezje oer it projekt joech op 17 jannewaris.
Dat negative advys kaam de Holwerters bot oer it mad, want de stjoergroep Holwert oan See, dêr't Fokkinga sels foarsitter fan is, wie yn novimber 2022 noch posityf oer de kânsen foar it plan.
Dêryn moat Holwert, mei in trochbraak fan de seedyk, fia in sâlt mar wer mei de see ferbûn wurde. Fanwegen de sterke reaksjes op it negative advys namen de steaten it beslút om de kommisjegearkomste oer Holwert oan See yn de Holwerter teäterseal te organisearjen.

200 Holwerters oanwêzich

Mear as 200 Holwerters kamen op de gearkomste ôf en der wiene ek ferskate ynsprekkers. Dêr wiene ek ferskate boeren by. Melkfeehâlder Frans Antonides woe it byld rjochtsette dat boeren tsjin Holwert oan See wêze soene.
"As de mienskip der better fan wurdt, dan moatte de agrariërs der ek better fan wurde", sei Antonides. "Dat kin regele wurde troch gebietsûntwikkeling, in soarte fan ruilferkaveling. As dat allegearre trochgiet, steane wy der posityf yn."

Sâlt wetter

De boeren makken harren wol soargen oer mooglik negative effekten fan it sâlte wetter. Moandei binne de boeren bypraat troch de manlju fan Holwert oan See. De soargen oer it sâlte wetter waarden dêrby fuortnommen. "It probleem fan it sâlter wurden fan de grûn spilet lâns de hiele waadkust. As we dat hjir regelje kinne troch dit projekt, dan is dat in grut foardiel."
Ut namme fan boere-organisaasje LTO lei Tineke de Vries út wêrom't de lânbou-organisaasje út it projekt stapt is. De Vries makket har foaral soargen oer it mooglik oanwizen fan de nije sâlte mar by Holwert as nije natuer en Natura 2000-gebiet. "Als dat gebeurt heeft het negatieve effecten voor de recreatie, voor het dorp en zeker voor de boeren", sei De Vries.
Melkfeehâlder Frans Antonides
Ik ha altyd leard, by twivel net ynhelje.
Deputearre Klaas Fokkinga fynt dat der trije stopljochten op oranje stean foar Holwert oan See
De soargen fan Fokkinga sitte ûnder oare yn de sinteraasje fan it projekt. Op dit stuit soe noch mar de helte fan de oanliskosten tasein wêze. Boppedat is der ek ûndúdlikheid oer de behearskosten fan fargeul en regelwurk foar de langere termyn. Dêrjonken hat it kolleezje noed oer it draachflak en it ekonomyske effekt fan de natuerfariant fan Holwert oan See.
"Dat binne op syn minst trije oranje stopljochten en ik haw altyd leard: by twivel net ynhelje", seit Fokkinga dêroer. De deputearre heakke der oan ta dat it by eintsjebeslút oan de Steaten is om hjir yn beslút oer nimmen yn de gearkomste fan 22 febrewaris.

'Polityk op syn moaist'

Oft der dan noch in mearderheid wêze sil foar Holwert oan See hinget ûnder oare ôf fan de steatefraksjes fan it CDA en de ChristenUnie. Beide partijen hawwe har stânpunt noch net bepaald. "Ik fyn it wol yndrukwekkend om sa'n kommisjegearkomste yn Holwert sels te hâlden", seit Aalberts. "Dat jout ús as politisy in byld fan hoe't dit libbet yn it doarp."
By it ûnderwerp Holwert oan See komme neffens Aalberts in soad wichtige tema's byinoar. "It giet oer lânbou, oer wenjen, oer natuer, oer it perspektyf fan dit gebiet. Dit is eins polityk op syn moaist."
CDA-fraksjefoarsitter Aebe Aalberts