IIshockeyers UNIS Flyers hawwe totaal gjin muoite mei Geleen Eaters

De iishockeyers fan UNIS Flyers ha woansdeitejûn ienfâldich wûn fan Geleen Eaters. Op it eigen iis fan Thialf waard it 7-1 (3-0, 2-1, 2-0) foar de Feansters. It ferskil waard al yn de earste perioade makke.
De Flyers pakten de besikers út Limboarch fan it begjin ôf by de strot. Nei twa minuten stie it al 1-0 troch de Fin Henri Ruotsalainen. Fjouwer minuten letter ferdûbele de Italiaan Pippo Finocchiaro de skoare yn in power play. Foar de ein fan de perioade makke Viktor Nordemann der sels 3-0 fan.
Flyers rint fierder fuort
Yn de twadde perioade wie it Trevor Hunt dy't der 4-0 fan makke. Pas healwei de wedstriid koene de besikers wat werom dwaan troch in doelpunt fan Loos, mar rap dêrnei makke Finocchiaro der mei syn twadde goal fan de wedstriid 5-1 fan.
De tredde periode wie eins allinnich foar de statistiken fan belang. Ruotsalainen skoarde noch twa kear foar de Flyers.
Troch de oerwinning stean de Flyers op plak trije fan de BeNe League mei 42 punten út 21 wedstriden. Koprinner is Luik Bulldogs mei 57 punten út 23 duels.