Lêste training TTV it Heidenskip foar it NK toulûken Koudum: "It is in wiere teamsport"

It Heidenskip hat de hannen opwaarme foar it Iepen Nederlânsk Kampioenskip Toulûken. Dat fynt dit wykein plak yn Koudum en wurdt mei organisearre troch de pleatslike toulûkferiening TTV It Heidenskip. Foar in goede tarieding ha sy in lêste training op de pleats fan de famylje van der Heide.
De toulûkferiening bestiet sûnt 1985 en hat al in protte prizen wûn. Sa binne se in 2008 wrâldkampioen wurden. It is in wiere teamsport, sa leit trainer Hendrik Meidema út: "Je moat it mei syn allen dwaan. As der ien fersaket is der gjin ploech mear."
Toulûkferiening TTV It Heidenskip is klear foar it NK yn Koudum
Dit jier dogge in ferskaat oan toulûkferienings mei oan it kampioenskip. Sa is der ek in ploech út Ierlân. Miedema is dêr tige wiis mei: "Sa wurdt der in ynternasjonaal gesicht oan dit kampioenskip jûn."
De mannen ha in protte traind om klear te wêzen foar it NK en binne in moai ein op streek foar in poadiumplak. "Dêr geane we wol foar" seit Miedema, "Mar it is mar krekt hoe't de dei rint. Komme je by de earste fjouwer, of hast in ferkearde lotting."

It Iepen Nederlânsk Kampioenskip Toulûken wurdt sneon hâlden yn sportseal de Sândobbe yn Koudum.