Ov-stakingen folgje inoar fluch op: "Misschien schaffen mensen hierdoor een auto aan"

Trein fan Arriva © Omroep Zilt, Simen Hofman
Troch alle stakingen yn it iepenbier ferfier binne it ûnwisse tiden foar reizgers. Tongersdei en nije wike ride de treinen fan Arriva net. Sa steapelje de stakingen harren rap op. "Misschien schaffen mensen hierdoor een auto aan", seit Ton Ettema, foarsitter fan Rocov Fryslan.
Sawol yn 2022 as dit jier lei it personiel it wurk ferskate kearen del. Tongersdei en nije wike moandei oant en mei freed ride der wer gjin treinen. It busferkear is ek bot fersteurd. De meiwurkers stake foar bettere arbeidsbetingsten.

'Soms barricaden op'

"Daar worden we niet vrolijk van", seit Ettema. Hy begrypt lykwols dat de meiwurkers stake en wol harren it rjocht om te staken net ûntnimme.
"Want het kan natuurlijk zijn dat machinisten, buschauffeurs en conducteurs onvoldoende betaald krijgen. En wellicht is ook de werkdruk te hoog. Dan moet je soms de barricaden op. Maar", sa foeget er deroan ta, "je hoopt dat mensen er zo weinig mogelijk last van hebben. En nu is het niet één dag staking, maar straks vijf dagen achter elkaar."

Oanskaf auto

Mochten de wurkjouwers oerstaach gean, dan is neffens Ettema noch net helder wêr't dit fan finansiere wurdt. De provinsje Fryslân jout jierliks 53 miljoen euro út oan it iepenbier ferfier. "Misschien dat ze dit bedrag opschroeven. Maar de kaartjes kunnen ook duurder worden."

Wol is dúdlik dat in part fan de reizgers troch de stakingen net mear fan A nei B komme kin. "Je hebt pretreizigers, maar ook mensen die van het ov afhankelijk zijn om naar werk te kunnen. Dat kan dan straks een week lang niet. Voor hen is dit wellicht de druppel en schaffen ze misschien maar een auto aan."